

Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hij wennet al trettjin jier yn ’e skieppeskuorre ûnder oan ’e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal. Bern dy’t oer him dreame, wurde gûlend wekker.Dat jildt net foar Mark en Nina van der Vliet. Dy ha noait bang foar Achlum west. As se op in middei wettermonsters nimme út ’e see, meitsje se kennis mei Achlum. Se fine him aardich en sjogge dat er sachte brune eagen hat, as fan in hiel leaf dier. Se ferjitte dat se eins net mei him prate meie en gean mei nei de skuorre. Dêr fertelt Achlum dat er op in eigenmakke skip nei it Nije Lân ta sil.Fan dy tiid ôf ha Mark en Nina noch mar ien gedachte: mei Achlum Nobusco nei it Nije Lân. Mar hoe fertelle se dat thús? Wat dogge se as Achlum har net mei ha wol? En dat Nije Lân – wêr leit dat eins? Wêrom is it nergens yn in atlas of op in kaart te finen? Bestiet it wol? En asto dêr ienkear bist, kinst dan noch werom?
In het kort
ISBN-13
9789493318465
Verschenen
25 oktober 2024
Bibliografisch
ISBN-139789493318465
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s92
GeïllustreerdJa
Uitgave
CB-relatie-id7203064
Verschenen25 oktober 2024
StatusOnbekend 00
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Zonder prijsPrijs volgt
Vorm & inhoud
ProductvormHardback BB
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Fictie kinder- en jeugdboeken algemeen 280
Medewerkers
Auteur A01Eppie Dam
Illustrator A12Ingrid van der Kallen
Herkomst
Werk-id (NSTC)501601404
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Trefwoorden
Lijkt op dit boek
NSTC 501601404 · CB-relatie 7203064 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









