
Anne Wadman 1919-1997 'It tipelsinnich bouwsel, ik'
Paperback184 pagina’sFries
Anne Wadman liet mei syn wurk fuortdaalks syn grutte ambysjes sjen. Hy tilde sawol yn syn kritiken as mei syn romans de Fryske literatuer op in heger plan. Hy die dat yn syn flymskerpe kritiken yn De Tsjerne, mar ek mei it publisearjen fan taboetrochbrekkende en eksperimintele romans lykas De smearlappen (1963) en De frou yn ’e flesse (1988). Foar syn kritiken krige er yn 1952 Gysbert Japicxpriis en letter, yn 1989, waard er foar syn romans foar de twadde kear mei dy priis eare. Yn it deistich libben wie Anne Wadman foar in soad in ynspirearjend learaar Nederlânsk yn it fuortset ûnderwiis en letter oan de learare-oplieding Ubbo Emmius. Boppedat wied er syn hiele libben aktyf as muzikant en muzikus. Hy spile fioele, skreau muzykkritiken, wie yn en fuort nei de oarloch aktyf yn de band The Snake Charmers en letter ek noch by it Sneeker Jeugd Orkest, dat er opset hat, it Fries Kamerorkest en Salonorkest Plumeau. Oer al dy fasetten fan in bysûnder ryk libben, mei hichte- en djiptepunten, oer haadsaken en bysaken, giet dit boek. It stiet fol mei ûnder oare oant no ta net publisearre wurk en nea earder ferskynde foto’s en dokuminten. Minsken dy’t harren fertroud fiele mei libben en wurk fan de skriuwer, learaar en muzikant helje herinneringen op en jouwe analyzes fan syn wurk. Stichting It Kypmantsje, de Afûk en Tresoar earje Anne Wadman mei dit boek, dat by gelegenheid fan syn hûndertste bertedei ferskynt.
In het kort
ISBN-13
9789493159198
Verschenen
5 december 2019
Bibliografisch
ISBN-139789493159198
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s184
GeïllustreerdJa
Uitgave
CB-relatie-id7203064
Verschenen5 december 2019
StatusOnbekend 00
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Zonder prijsPrijs volgt
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Biografieën literaire auteurs 321
Trefwoordenbiografie · wadman · anne wadman · fries
Medewerkers
Herkomst
Werk-id (NSTC)500247296
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Trefwoorden
Lijkt op dit boek
NSTC 500247296 · CB-relatie 7203064 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









