

In grutte seleksje út de gedichten fan Slauerhoff yn it Frysk beskikber te hawwen, is yn Fryslân al lang in winsk dy’t wachtet op ferfolling; dit boek hat jierren ûnderweis west. De hjir byinoar brochte fersen binne útkeazen en oerset troch de dichters Eppie Dam (Gysbert Japicxpriis 2017) en Abe de Vries (Gysbert Japicxpriis 2005).Dichter Jan Jacob Slauerhoff (1898-1936) wie in Ljouwerter, opgroeid as soan fan in ynterieurwinkelman yn ’e stêd, siet mei Simon Vestdijk op ’e HBS en wie ek oan Fryslân ferbûn troch syn jeugdleafde foar dûmnysdochter Heleen Hille Ris Lambers út Jorwert, syn fakânsjes op Flylân (it eilân dêr’t syn mem weikaam) en inkelde waarnimmerskippen as dokter, yn Baard, De Ryp en op ’e Sweach.Obe Postma neamde him ‘een Friese jongeman, maar met vermogens meer dan Friesland’. Hendrik de Vries tocht dat der ‘ondanks alle cosmopolitisme, iets van de vochtige weemoed van Friesland in zijn verzen blijft zweven’. En Anne Wadman miende: ‘Hy wie net ien fan uzen. En dochs ek wol wer.’
In het kort
Bibliografisch
ISBN-139789492457400
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s168
GeïllustreerdNee
Uitgave
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Poëzie 306
NUR (alle)306 Poëzie
Medewerkers
Herkomst
Werk-id (NSTC)500758133
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
NSTC 500758133 · CB-relatie 6815093 · Bijgewerkt 6 augustus 2026