

De bijekening
Bouwe Caesar Hommema, in wat twiveleftige profeet, is in nijljochter dyt stúdzje makket fan it bijefolk. Hy siket it geheim fan har perfekte wurkferdieling en wûnderlik goed regele libben én stjerren. As hy dat geheim ûntriedselje kin, wol er dat ek op de minskemaatskippij tapasse. Hommema is in man mei in geniale ynslach, mar hy rekket yn betizing. De bewenners fan Trimbeets, it doarp yn de súdlike Wâlden dêrt it ferhaal spilet, besykje him sa goed mooglik te heinen en te kearen. Hommema syn foarbyld is Pjotr Kropotkin, ien fan de foaroansteande tinkers fan it anargisme, foar wat it elkoar helpen fan minsken de basis wie fan syn maatskippijfizy. De skriuwer sketst neist it ferhaal fan Hommema in breed panorama fan de maatskiplike ferhâldingen yn Trimbeets yn de jierren tusken de beide oarloggen. Foar De bijekening krige Van der Schaaf yn 1983 de Gysbert Japicxpriis.
Dizze tredde printing is de werútjefte fan de earste printing út 1981.
Dizze tredde printing is de werútjefte fan de earste printing út 1981.
In het kort
ISBN-13
9789089541895
Uitgever
Verschenen
15 april 2010
Serie
Bibliografisch
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
CB-relatie-id9087293
Verschenen15 april 2010
StatusInactief 08
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Zonder prijsPrijs volgt
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Literaire roman, novelle 301
NUR (alle)301 Literaire roman, novelle
Medewerkers
Auteur A01Sjoerd van der Schaaf
Herkomst
Werk-id (NSTC)500551096
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
NSTC 500551096 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026