
De bijekening
E-book188 pagina’sFries
Bouwe Caesar Hommema, in wat twiveleftige profeet, is in nijljochter dy't stúdzje makket fan it bijefolk. Hy siket it geheim fan har perfekte wurkferdieling en wûnderlik goed regele libben én stjerren. As hy dat geheim ûntriedselje kin, wol er dat ek op de minskemaatskippij tapasse. Hommema is in man mei in geniale ynslach, mar hy rekket yn betizing. De bewenners fan Trimbeets, it doarp yn de súdlike Wâlden dêr't it ferhaal spilet, besykje him sa goed mooglik te heinen en te kearen. Hommema syn foarbyld is Pjotr Kropotkin, ien fan de foaroansteande tinkers fan it anargisme, foar wa't it elkoar helpen fan minsken de basis wie fan syn maatskippijfizy. De skriuwer sketst neist it ferhaal fan Hommema in breed panorama fan de maatskiplike ferhâldingen yn Trimbeets yn de jierren tusken de beide oarloggen. Foar De bijekening krige Van der Schaaf yn 1983 de Gysbert Japicxpriis.Dizze tredde printing is de werútjefte fan de earste printing út 1981.De fine nuânses fan doarpske ferhâldingen hawwe yn Van der Schaaf in treflike notulist. Tiny Mulder yn it Friesch DagbladIt is Van der Schaaf nei ús betinken treflik slagge, om in stik Europeeske maatskiplike en geastlike problematyk te beskriuwen yn Fryske persoanen en tsjin in Fryske achtergrûn, sûnder dêrmei de delstap te meitsjen ta it provinsjale yn 'e negative sin. It boek falt krekt op troch it ûnprovinsjale. Advyskommisje Gysbert Japicxpriis
In het kort
ISBN-13
9789089543974
Uitgever
Verschenen
5 maart 2012
Imprint
Bibliografisch
ISBN-139789089543974
TaalFries fry
Pagina’s188
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
ImprintTDE
CB-relatie-id9087293
Verschenen5 maart 2012
StatusOnbekend 00
Vorm & inhoud
ProductvormE-book ED
VormdetailE101 EPUB
SamenstellingLos product
EPUB-versie2
Beveiliging e-bookDigitaal watermerk 02
Classificatie
NUR (hoofd)Literaire roman, novelle 301
NUR (alle)301 Literaire roman, novelle
Medewerkers
Auteur A01Sjoerd van der Schaaf
Herkomst
Werk-id (NSTC)500162640
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
NSTC 500162640 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026