

De Bjusterbaarlike Baron Aventoeren fan de Baron von Münchhausen
Paul van Dijk ill.
Hardback37 pagina’sFries
Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen.En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy’t skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen.Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier.Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy’t net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten.Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar dit boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen Faber makke er de teäterfoarstelling ‘de Bjusterbaarlike Baron’. Doe’t er in jonkje fan njoggen wie hat er fan ’e biblioteek fan Warkum in skoft hieltyd itselde boek liend. Dat boek hjitte: ‘De wonderbaarlijke avonturen van de Baron von Münchhausen.’
In het kort
ISBN-13
9789493159907
Verschenen
17 augustus 2022
Bibliografisch
ISBN-139789493159907
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s37
GeïllustreerdJa
Uitgave
CB-relatie-id7203064
Verschenen17 augustus 2022
StatusOnbekend 00
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Zonder prijsPrijs volgt
Vorm & inhoud
ProductvormHardback BB
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Fictie kinder- en jeugdboeken algemeen 280
Trefwoordenfries · kinderboek · frysk · berneboek · lêsboek
Medewerkers
Bewerker B05Jurjen Faber
Illustrator A12Paul van Dijk
Herkomst
Werk-id (NSTC)501510429
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Trefwoorden
Lijkt op dit boek
NSTC 501510429 · CB-relatie 7203064 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









