
Cornelis Frederiks wurdt assistint fan boumaster Jacob van Aaken, dy't yn 1529 begongen is mei de bou fan de Aldehou yn Ljouwert. Troch de sunigens fan de opdrachtjouwers wurdt de fundearring net goed útfierd en begjint de toer skeef te sakjen. Nei Van Aken syn dea wurdt Cornelis boumaster, mar as it jild op is moat de bou úteinlik stillein wurde. It boek fertelt net allinne it relaas fan de mislearre bou, mar ek fan de leafde tusken Cornelis en Van Aken syn tsjinstfaam Chistyn, yn de tiid fan de herfoarming, mei spanning en betizing, as fan hegerhân op nije sekten reagearre wurdt mei ferfolging. Tamminga syn histoaryske roman waard yn 1986 bekroand mei de Piter Jellespriis fan de stêd Ljouwert. Dizze fjirde printinge is de werútjefte fan de earste printing út 1985. It is in stik tige wichtige, oant no ta net of amper yn de literatuer ferarbeide Ljouwerter skiednis, dy't yn De boumaster fan de Aldehou ta libben brocht wurdt. Ta libben yn kante, men kin gerêst sizze markante taal, dêr't nammers de boumaster fan Ysbrechtum it masterskip oer hat. Sjuery Piter JellespriisIn meinimmend boek foar wa't hâldt fan in op tradisjonele mar tige sfearfolle wize ferteld ferhaal.Tineke Steenmeijer-Wielenga yn de Leeuwarder CourantDe boumaster fan de Aldehou is in ljochtsjend foarbyld fan wat it Frysk, sûnder opgniste wurden, noch wêze kin. Piter Terpstra yn De Strikel
In het kort
ISBN-13
9789089544032
Uitgever
Verschenen
5 maart 2012
Imprint
Bibliografisch
ISBN-139789089544032
TaalFries fry
Pagina’s173
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
ImprintTDE
CB-relatie-id9087293
Verschenen5 maart 2012
StatusOnbekend 00
Vorm & inhoud
ProductvormE-book ED
VormdetailE101 EPUB
SamenstellingLos product
EPUB-versie2
Beveiliging e-bookDigitaal watermerk 02
Classificatie
NUR (hoofd)Historische roman (populair) 342
NUR (alle)342 Historische roman (populair)
Medewerkers
Auteur A01D.A. Tamminga
Herkomst
Werk-id (NSTC)500284383
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
NSTC 500284383 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026