
Yn nije plysjeroman krijt Ale Alema mei in trijefâldige moardsaak te krijen en wurdt sels ek ûnder fjoer nommenIt liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sûnt koart oan 't sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega's iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, dêr't in wike lyn dochter Tine fan ferdwûn is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dyselde dei noch stapt Tine fleurich de keamer wer yn. Noch gjin fjouwerentweintich oeren letter binne se alle trije fermoarde. Wat hat de soan dy't op dat stuit net thús wie hjirmei te meitsjen? En wa is dy âlde frou mei in gewear dy't it ynienen op Ale fersjoen hat? Dit is it sechsde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol.
In het kort
Bibliografisch
ISBN-139789463653008
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s116
GeïllustreerdNee
Uitgave
Vorm & inhoud
ProductvormE-book ED
VormdetailE101 EPUB
SamenstellingLos product
EPUB-versie2
Beveiliging e-bookDigitaal watermerk 02
Classificatie
NUR (hoofd)Detective 331
NUR (alle)331 Detective
Medewerkers
Auteur A01Jan Schokker
Herkomst
Werk-id (NSTC)500996305
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 500996305 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026




