
Yn dizze boereroman út 1939 wurdt in fetweider delset dy't besiket syn lytse buorkerij en húshâlding fan frou en trije dochters yn bestjoer te hâlden. Dat slagget him mar amper, want de froulju dogge har eigen sin. It ferhaal folget it jier dat de trije fammen oan in man slagje. De âldste, Fokje, giet nei Hollân en ûntfangt dêr temûk har Fryske frijer Keimpe. Froukje rekket nei in dei op stap nei de TT yn Assen yn ferwachting fan buorman Sibbele, in rûge mar grutte boer. Hoewol't har âlden leaver in man mei in hegere funksje foar har hân hiene, trout se mei him. Geeske, de jongste, slagget oan in yntellektuele drompelsliper út de stêd, lid fan de NSB. Dizze roman hat bekendheid krigen yn de Fryske literatuer omdat der foar it earst iepentlik yn skreaun waard oer seks. De roman waard dêrneffens posityf ûntfongen, omdat de erotyk yn tsjinst stiet fan in fitale en natuerlike libbenshâlding. It ûntbrekken fan in dúdlike moraal docht modern oan. Dit boek is de werútjefte fan de tredde printing út 1993. It neiwurd is fan Tr. Riemersma.De kwaliteiten fan Kiestra as ferteller tille dit boek fier út boppe in gewoane boereroman.Yn de Leeuwarder Courant Kiestra is in tige wisse skriuwer dy't syn wurden as spikers yn it hout driuwt. Dat proaza is rjocht op 'e man ôf, in bytsje sarkastysk soms, en altiten fan in sterke kwaliteit.Yn it Bolswarder Nieuwsblad
In het kort
ISBN-13
9789089543868
Uitgever
Verschenen
5 maart 2012
Imprint
Bibliografisch
ISBN-139789089543868
TaalFries fry
Pagina’s128
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
ImprintTDE
CB-relatie-id9087293
Verschenen5 maart 2012
StatusOnbekend 00
Vorm & inhoud
ProductvormE-book ED
VormdetailE101 EPUB
SamenstellingLos product
EPUB-versie2
Beveiliging e-bookDigitaal watermerk 02
Classificatie
NUR (hoofd)Streek- en familieromans 344
NUR (alle)344 Streek- en familieromans
Medewerkers
Auteur A01Douwe Hermans Kiestra
Herkomst
Werk-id (NSTC)500162636
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 500162636 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









