Mijn boeken
← Catalogus
Omslag van De Greidhoeke
Achterkant van De Greidhoeke

De Greidhoeke lan en minsken fan 800 oant 1800 en letter

Hardback496 pagina’sFries
Dit boek giet oer de Greidhoeke, it klaaigebiet fan greiden, terpen en âlde diken tusken rûchwei Ljouwert, Snits, Boalsert en Frjentsjer. Troch de ieuwen hinne hat it yn in soad opsichten in eigen gesicht krigen, sosjaal, ekonomysk sawol as lânskiplik. It boek bestrykt sa'n tûzen jier, fan likernôch 800 oant 1800, mei gauris in útloop nei ús tiid ta. It is skreaun yn de oertsjûging dat de kombinaasje fan kennis op ûnderskate gebieten liede kin ta nij ynsjoch, net allinnich yn de ferskillende ferskynsels sels, mar ek yn har gearhing yn de tiid. It ferbynt de grutte linen mei de meast konkrete bysûnderheden. Sintraal stiet hieltyd de fraach hoe't dingen ûntstienen en feroaren. In soad fan earder is noch om ús hinne. Sa jout it boek net allinnich in byld fan wat west hat, mar it sil ek hieltyd wer treffe troch de parallellen mei de eigen tiid, en dat net allinnich foar de Greidhoeke. In register op persoans- en plaknammen en in fikse gearfetting yn it Nederlânsk ûntslute de rike stof. Ph. H. Breuker wurke by de Fryske Akademy en wie bysûnder, respektivelik gewoan heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de universiteiten fan Leiden en Amsterdam
In het kort
ISBN-13
9789081852166
Verschenen
20 december 2012

Lijkt op dit boek

NSTC 500275079 · CB-relatie 7585395 · Bijgewerkt 6 augustus 2026
Bestel bij bol →
← Catalogus
Omslag van De Greidhoeke
Achterkant van De Greidhoeke

De Greidhoeke

lan en minsken fan 800 oant 1800 en letter

Alles bekijken →