
Dizze roman spilet op 'e earme Fryske heide fan Hastings, dêr't Twizel model foar stie, en beskriuwt de wjerfarrens fan de rike boerefamylje Hastings. Heit Wychman hat in tsjuster ferline mei in healbroer, soan Fokke kriget de faam net dêr't er syn sin op set hie, en Hester, suster fan Wychman, kiest yn de striid tusken ryk en earm net foar de eigen kant. Dat allegear yn in sletten doarpsmienskip dêr't foar it earst in arbeider yn de gemeenterie komt. As dekôr tekenet de skriuwster mei grutte rykdom oan wurden it doarp en de wylde natoer fan de heide. De earste printing fan De Hoara's fan Hastings ferskynde yn 1921. `De Hoara's' wurdt beskôge as de earste grutte roman yn it Frysk. Dit boek is de werútjefte fan de sânde printing út 1992, mei in neiwurd fan Ph.H. Breuker.Wat dit ferhaal libben jout is de sfear fan ûnheil dy't Simke Kloosterman fielber om de Hoara's hinne weefde. Sels harren huzen en tunen diele dêryn.Tiny Mulder yn it Friesch DagbladSimke Kloosterman kin net allinne de aparte minsken yn har aksje en reaksje tekenje, mar ek groepen yn har hâlden en dragen.J.H. Brouwer yn HjirSimke Kloosterman beskriuwt ús de natuer, it inerlik fan de minske, syn striid yn eigen hert, syn langstme nei it lok en de weemoed oer itjinge dat foarby is en nea werkomt.Dina Simonides yn De Fleanende Krie
In het kort
ISBN-13
9789089543875
Uitgever
Verschenen
5 maart 2012
Imprint
Bibliografisch
ISBN-139789089543875
TaalFries fry
Pagina’s180
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
ImprintTDE
CB-relatie-id9087293
Verschenen5 maart 2012
StatusOnbekend 00
Vorm & inhoud
ProductvormE-book ED
VormdetailE101 EPUB
SamenstellingLos product
EPUB-versie2
Beveiliging e-bookDigitaal watermerk 02
Classificatie
NUR (hoofd)Literaire roman, novelle 301
NUR (alle)301 Literaire roman, novelle
Medewerkers
Auteur A01Simke Kloosterman
Herkomst
Werk-id (NSTC)500206681
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 500206681 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









