Catalogus
Omslag van De Hobbit
Achterkant van De Hobbit

De Hobbit of Dêrhinne en wer werom

Paperback331 pagina’sFriesSerie →
Ook verkrijgbaar als
Dizze oersetting is bekroand mei de Obe Postmapriis 2012.

It tiidleaze mearke fan Bilbo Balsma, in fatsoenlike hobbit dy’'t ynbrekker wurdt en yn sân hasten mei trettjin dwergen en de tsjoender Gandalf op paad moat om in legindaryske dwergeskat ûnder de wjukken fan in grimmitige draak wei te stellen. Under de lange reis nei de Berch fan de Draak komt it selskip troch bergen en bosken, oer richels en rivieren. Hja befjochtsje trollen, ierdmannen, spinnen en wolven yn ‘'e mande mei elven, minsken, earnen en bearen. En fansels mei help fan de magyske Ring, dêr’t Bilbo mei de lilkaardige Gollum in fûle striid om útfjochtet.
Dit klassike ‘berneboek foar folwoeksenen’ fan J.R.R. Tolkien is de prolooch op The Lord of the Rings, de ferneamde trilogy dy’t de ôfrûne jierren sa bot yn de belangstelling stien hat. De Hobbit, skreaun yn 1937, wie it earste wiere fantasy-boek dat it grutte publyk berikke koe. It is yn 2002 ferkeazen ta it wichtichste boek foar (âldere) jongerein yn de 20e ieu, en is oant no ta yn sa likernôch fyftich talen oerset.
De linige, hjoeddeiske oersetting is fan Anne Tjerk Popkema.
In het kort
ISBN-13
9789089541123
Verschenen
1 september 2009
NSTC 100001086 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026
Bestel bij bol → · € 22,50
← Terug naar resultaten
Omslag van De Hobbit
Achterkant van De Hobbit

De Hobbit

of Dêrhinne en wer werom
A.T. Popkema vertaler
Paperback331 pagina’sFriesSerie: Zwarte Serie →