
Dizze roman spilet foar it grutste part yn Ealsum, in doarp efter Dokkum. Former Bloemkamp komt werom nei syn bertedoarp as breafisker, jager en mollefanger. By de Ealsumers leit er der al gau út, omt er eigensinnige wegen giet. Syn tsjinspiler is Lútsen Idsardi, in idealist, mar tagelyk in labyl figuer, dyt maatskiplik rûnom mislearret. In slepend konflikt tusken Former en Lútsen einiget op befrijingsdei 1945 yn in drama.De roman De Jacht ferskynde foar it earst yn 1988 en wie doe al de sande roman fan Van der Ploeg. Mei it boek berikte er in breed lêzerspublyk. It is de earste fan de fjouwer romans dyt yn de oarloch yn de Dongeradielen spylje. De oare trije ferskynden as De oarloch fan Durk van der Ploeg yn 2011 yn ien bân by de Friese Pers Boekerij. Dizze tredde printing fan De Jacht is in werútjefte fan de earste.Yn it beskriuwen fan it lânskip en it skreppen, wrotten en bealgjen fan de lytse man is Van der Ploeg in master, ek wat syn taalgebrûk oanbelanget. Dick Eisma yn de Leeuwarder CourantYn dizze roman is in sterke ûnderstream fan universele dramatyk oanwêzich. De Jacht soe as útgongspunt tsjinje kinne foar in Fryske spylfilm.Eppie Dam yn Frysk en FrijIt ferhaal fan Former, Hinke en Lútsen draacht it hiele boek op natuerlike wize en hâldt de gong deryn oant op de lêste side.Sybren Sybrandy yn Trotwaer Durk van der Ploeg waard yn 1930 berne yn Hoogkarspel (NH). As jonkje fan trije jier kaam er mei syn âlden nei Ealsum. Hy folge in oplieding ta typograaf en waard letter opmaakredakteur by de Leeuwarder Courant. Durk van der Ploeg is ien fan de produktyfste Fryske skriuwers, meast proaza, mar ek poëzij. Yn 2011 krige er de Gysbert Japicxpriis foar al syn literêr proaza.
In het kort
ISBN-13
9789089547170
Uitgever
Verschenen
22 december 2014
Bibliografisch
ISBN-139789089547170
TaalFries fry
Pagina’s308
GeïllustreerdNee
Uitgave
Vorm & inhoud
ProductvormE-book ED
VormdetailE101 EPUB
SamenstellingLos product
EPUB-versie2
Beveiliging e-bookAdobe DRM 03
Classificatie
NUR (hoofd)Literaire roman, novelle 301
NUR (alle)301 Literaire roman, novelle
Medewerkers
Auteur A01Durk van der Ploeg
Herkomst
Werk-id (NSTC)100025813
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 100025813 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









