Mijn boeken
Catalogus
Omslag van De oerwinning fan Bjinse Houtsma

De oerwinning fan Bjinse Houtsma

E-book132 pagina’sFries
Ook verkrijgbaar als
Hindrik Visser is in artistike doarps-haadûnderwizer en dirigint fan de pleatslike sjongferiening. Hy rekket hielendal yn de besnijing fan de jonge Lutske Westra, rike boeredochter, `in frou mei in Mercedes en in ferline. Hindrik fynt in konkurrint op syn paad, de populêre ekspediteur en amateurtoanielspylder Bjinse Houtsma, in frije fûgel krekt as Lutske. It ferhaal ûntwikkelt him nei in dramatyske klimaks.Dizze roman is fan 1962. Wadman sette it boek oer yn it Hollânsk en bewurke it tagelyk ek. De oersetting ferskynde yn 1965, yn it sok fan it sukses fan De smeerlappen. Yn de omstavere en wersjoene útjefte fan 1984 bleau it plot gelyk, mar op detailnivo waard de tekst op hiel wat plakken eksplisiter makke. Dizze tredde printinge is gelyk oan de twadde.Dit is wat Wadman op knappe wize foarmjout: minsken mei té folle twifels moatte dêr hyltyd wer foar bliede. Gerrit van der Meer yn De NijeWadman heeft een zeer speciale, in ons land tot dusver ongekende humor, die vlijmscherp is maar toch steeds warm menselijk blijft, vol mededogen.B. Roest Crollius yn it Algemeen DagbladMasterlik is beskreaun hoet yn e ferhâlding man/frou it egoïstyske seksduveltsje as in slange tusken alle reedlike arguminten trochkrûpt [...] en de haadfigueren yn dit leafdesdrama as ferskuorrende leageners en hypokriten delset. Steven H.P. de Jong yn Ta in hichteAnne Wadman (1919-1997) joech al ier bliken fan syn niget oan muzyk, literatuer en it Frysk. Hy studearre Nederlânsk oan e Universiteit fan Amsterdam en wurke lange tiid by it ûnderwiis. Hy waard ien fan de meast produktive Fryske skriuwers en kritisy. Twa kear krige er de Gysbert Japicxpriis. Hy seach himsels lykwols net as in suksesfol skriuwer. Joke Corporaal socht út hoet dat kaam yn Grimmig eerlijk út 2009¸ in stúdzje oer Wadman syn libben oant 1963.
In het kort
ISBN-13
9789089547132
Verschenen
22 december 2014

Lijkt op dit boek

NSTC 100025811 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026
Bestel bij bol →
← Catalogus

Alles bekijken →