
De Oerwinning
PaperbackNederlands312 pagina’s€ 29,95Inactief
Flaptekst
De heit fan de Sweed Axel Heyst wie de filosoof fan de doelloasheid fan it libben en fan de bannen dy’t men yn it libben mei oaren oangiet, dy’t de minsk inkeld mar kwetsber meitsje. Syn soan Axel hat genôch fan dy hâlding skipe om derfoar te kiezen om syn libben iensum te libjen, wat er die troch him net as in klûzner werom te lûken, mar troch omswalkjen sûnder rêst en troch sûnder bannen oan te gean op hieltyd wer oare plakken nergens fêst te wenjen. Sadwaande hie er it middel ûntdutsen fan in libben sûnder lijen en suver sûnder ien soarch op de wrâld – ûnkwetsber want ûngrypber. Dat libben spilet him ôf yn de Indonesise arsjipel, ein njoggentjinde iuw. Op in dei lykwols giet er toch in bân mei in oar oan, as er him wat jild lient om syn skulden te beteljen. De dêropfolgjende tankberheid smeit in bân dy’t er eigenlik net wol, mar syn eigen minsklikheid kin dy bân net ôfwize. Axel Heyst, ienkear yn de falle rûn fan it betoanen fan waarme minsklikheid, ûntdekt dat sokke bannen freugde skinke, mar ek slimme gefaren ynhâlde. Yn ien fan de lêste sinnen fan it boek seit er: ‘Och, Davidson, wee de man waans hart yn syn jeugd net leard hat om te hoopjen, te beminnen – en om syn fertrouwen yn it libben te stellen!’Dat Joseph Conrad dit boek De Oerwinning neamd hat, is wol sjoen de ôfrin o sa wrang, mar ek wol wer tapaslik. De Oerwinning (1915) is wol it bekendste en meast tagonklike boek fan Conrad. Nêst Sulver en Minsken, útkommen yn myn oersetting yn 2019 en It geheim fan Lord Jim (2017) krijt de Fryske lêzer fan hjoed hjirmei tagong ta de trije hichtepunten fan it wurk fan de yn it Ingels skriuwende Poal Joseph Conrad (1857-1924).
Bibliografisch
ISBN-139789463652285
Editie1
TaalNederlands dut
Pagina’s312
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
CB-relatie-id9087293
Verschenen15 juni 2020
StatusInactief 08
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Adviesprijs (incl. btw)€ 29,95
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Vertaalde literaire roman, novelle 302
NUR (alle)302 Vertaalde literaire roman, novelle
Trefwoordenklassieker · conrad · indonesië, tagonklik
Medewerkers
Auteur A01Joseph Conrad
Vertaler B06Geart fan der Mear
Herkomst
Werk-id (NSTC)500570227
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Laatste CB-bericht7766
Bijgewerkt5 augustus 2026
Lijkt op dit boek
Tropenwee
Henri Van Booven
€ 29,99
De Ovenist
Kapitein Cornelis Stolp
€ 6,95
Hart de minnaar
Lily King
€ 22,99
BINNENKORTDe stilte der zee
Vercors
€ 18,99
NIEUWHet Arnolfini mysterie
Peter Geraedts
€ 16,80
NIEUWOdyssee
Homerus
E-book · 2026
NIEUWDe Odyssee Mindset
Sam Akbar
€ 15,99
BINNENKORTHet eiland van de witte lelies
Jorid Mathiassen
€ 10,99
NIEUWZoon
Karl Ove Knausgård
€ 15,00
Het eigen lot
Kenzaburo Oë
€ 11,99