
Yn 1992 ferskynde Trinus Riemersma syn masterwurk De Reade Bwarre. It is in ferhaal mei mear lagen: in meinimmende roman oer de famylje Modderklauwer; in histoarysk relaas oer Ferwert yn de tritiger jierren; in egodokumint én in essaybundel mei de skriuwer syn fyzje op godstsjinst, literatuer, it Fryske plattelân yn de krisis- en oarlochsjierren en it Frysk nasjonalisme. En boppe-al is it in stânbyld foar syn heit, in monumint foar in man dy’t foaral in goede heit wêze woe.Riemersma wie yn de jierren '60 ien fan de foarstanners fan in radikale staveringsferoaring fan it Frysk. Hy woe dêrom de saneamde Steatestavering, it kompromis út 1976, net brûke en hold fêst oan in sels útdoktere stavering. Dat levere in wurdbyld op dat slim ôfwykte fan it gongbere. Foar in soad lêzers wie dat reden om net oan De Reade Bwarre te begjinnen, ek al waard it yn 1995 bekroand mei de Gysbert Japicxpriis, de grutste priis yn literêr Fryslân. Letter liet Riemersma syn eigen skriuwwize los en publisearre noch in hiele rige boeken yn de gongbere stavering. De Reade Bwarre wurdt sa stadichoan algemien sjoen as dé moderne klassiker fan de Fryske literatuer. Om it boek beskikber te meitsjen foar in breder publyk is it no troch skriuwster Jetske Bilker omstavere yn Standertfrysk. Mei syn romte foar farianten jout dat noch genôch mooglikheden om rjocht te dwaan oan de rykdom fan Riemersma syn taaleigen.
In het kort
ISBN-13
9789492052902
Uitgever
Verschenen
21 oktober 2022
Bibliografisch
ISBN-139789492052902
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s496
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverWijdemeer Louw Dijkstra
CB-relatie-id7585395
Verschenen21 oktober 2022
StatusOnbekend 00
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Zonder prijsPrijs volgt
Vorm & inhoud
ProductvormHardback BB
SamenstellingLos product
Classificatie
Medewerkers
Auteur A01Trinus Riemersma
Vertaler B06Jetske Bilker
Herkomst
Werk-id (NSTC)501517022
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Trefwoorden
Lijkt op dit boek
NSTC 501517022 · CB-relatie 7585395 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









