
Yn De rykdom fan it ferline fertelt Reinder Politiek oer it boerelibben yn syn bertedoarp Kimswert yn de tiid dat hy jong wie. Hoe't hy, lykas syn heit, boer wurden is, krekt as syn pake en oerpake. Der feroaren yn dy tiid net in protte dingen. Alles stie fêst en gie sa as it al jierren lang gien wie. Alles moast mei de hân dien wurde, en mei help fan hynders. It wie soms dreech om de fruchten út de grûn en op 'e tiid ûnderdak te krijen, sadat der yn 'e winter genôch te iten wie foar minsk en bist, en men der ek noch in sintsje fan oerhâlde koe foar de âlde dei. It ferskil mei hoe't it der hjoed-de-dei om en ta giet, is enoarm. Masines hawwe it wurk fan minsken en hynders oernommen, earmoede bestiet hast net mear, en benammen de ferhâlding tusken boer en wurknimmer is gâns oars wurden. In boer wie doe noch hearsker op eigen hiem en in arbeider wie yn syn eagen gauris neat wurdich. Feroaringen ten goede, soe men sizze, mar der is ek in bulte ferdwûn, wêr't de minsken no neat mear fan witte. Yn De rykdom fan it ferline komt in skala fan ûnderwerpen oan 'e oarder dy't it âlde boerelibben wer stal jouwe foar de minsken fan no. Yn geef Frysk en soms mei wurden dy't komselden mear brûkt wurde, sketst Politiek it rike boerelibben fan syn jeugd.Reinder Politiek hat mei nocht fyftich jier boer west. Neist it boerewurk hat er altyd ynteresse hân foar skiednis, benammen de skiednis fan syn doarp Kimswert.Al mear as 25 jier skriuwt hy ferhalen yn 'e doarpskrante, meast oer it ferline. Hy hat ferskillende boekjes útjûn oer it doarpslibben, û.o. in boekje mei âlde doarpsfoto's en in boek oer de Laurentiustsjerke fan Kimswert. Hy hat ferskate ekskursies laat rûnom en troch dizze fraaie âlde tsjerke. Politiek is in rasferteller en dat komt prachtich ta utering yn dit boek.
In het kort
ISBN-13
9789463652018
Uitgever
Verschenen
30 december 2019
Bibliografisch
ISBN-139789463652018
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s257
GeïllustreerdJa
Uitgave
Vorm & inhoud
ProductvormE-book ED
VormdetailE201 Vaste opmaak
E101 EPUB
E101 EPUB
SamenstellingLos product
EPUB-versie3
Beveiliging e-bookDigitaal watermerk 02
Classificatie
NUR (hoofd)Landbouwgeschiedenis 948
NUR (alle)948 Landbouwgeschiedenis
Medewerkers
Auteur A01Reinder Politiek
Herkomst
Werk-id (NSTC)500245921
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 500245921 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









