
De skilders fan it Fryske lân
HardbackFriesLeverbaar
Hoe hawwe keunstners it Fryske boerelibben en it plattelân troch de iuwen hinne op doek en papier útbylde?Yn dit boek binne keunstwurken fan it Fryske plattelânslibben byinoar brocht, dêr 't de boer, it lânskip, de bisten en de bedriuwsgebouwen yn beljochte wurde. Al dy wurken mei-inoar litte in grut ferskaat yn keunstútdrukkings sjen: fan realistysk, figuratyf, ympresjonistysk, ekspresjonistysk, fynskilderwurk en naïve keunst oant abstrakt. Kwa technyk is der ek in grutte fariaasje te sjen: fan tekening, print, ets, gûache en akwarel oant oaljeferve en akryl. Oan keunstners is it in bûnte mjuks fan grutte en lytse nammen, bekend en ûnbekend, guont profesjoneel wurkjend fia fêste regels, oaren út drang en hobby wei, yn naïve styl. Se diele in mienskiplik skaaimerk: de leafde foar harren omjouwing en de minsken, bisten en gebouwen dy't dêryn letterlik figurearje. De skilders fan it Fryske lân is ûnderdiel fan de rige Keunstnerskoloanjes yn Nederlân. Oer de skiuwer Henk Dijkstra wie tusken 2007 en 2022 direkteur fan it Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert. Hy publisearret geregeld oer lânbouhistoaryske ûnderwerpen.Hoe hawwe keunstners it Fryske boerelibben en it plattelân troch de iuwen hinne op doek en papier útbylde?Yn dit boek binne keunstwurken fan it Fryske plattelânslibben byinoar brocht, dêr 't de boer, it lânskip, de bisten en de bedriuwsgebouwen yn beljochte wurde. Al dy wurken mei-inoar litte in grut ferskaat yn keunstútdrukkings sjen: fan realistysk, figuratyf, ympresjonistysk, ekspresjonistysk, fynskilderwurk en naïve keunst oant abstrakt. Kwa technyk is der ek in grutte fariaasje te sjen: fan tekening, print, ets, gûache en akwarel oant oaljeferve en akryl. Oan keunstners is it in bûnte mjuks fan grutte en lytse nammen, bekend en ûnbekend, guont profesjoneel wurkjend fia fêste regels, oaren út drang en hobby wei, yn naïve styl. Se diele in mienskiplik skaaimerk: de leafde foar harren omjouwing en de minsken, bisten en gebouwen dy't dêryn letterlik figurearje. De skilders fan it Fryske lân is ûnderdiel fan de rige Keunstnerskoloanjes yn Nederlân. Oer de skiuwer Henk Dijkstra wie tusken 2007 en 2022 direkteur fan it Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert. Hy publisearret geregeld oer lânbouhistoaryske ûnderwerpen.
In het kort
Bibliografisch
ISBN-139789462585508
Editie1
Druk1
TaalFries fry
GeïllustreerdJa
Uitgave
UitgeverUitgeverij WBOOKS
CB-relatie-id6509637
Verschenen1 april 2023
StatusLeverbaar 04
BeschikbaarheidBeschikbaar 20
Adviesprijs (incl. btw)€ 27,95
Vorm & inhoud
ProductvormHardback BB
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Beeldende kunst 646
NUR (alle)646 Beeldende kunst
Medewerkers
Auteur A01Henk Dijkstra
Herkomst
Werk-id (NSTC)501524185
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 501524185 · CB-relatie 6509637 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









