Mijn boeken
Catalogus
Omslag van Efter it tried
Achterkant van Efter it tried

Efter it tried

Hardback128 pagina’sFries
Efter it tried is in yndrukwekkend, ticht op de hûd fan de tiid skreaun dokumint, dêr’t Reimer van Tuinen as Häftling nû 10039 syn ûnderfinings yn it konsintraasjekamp Amersfoort yn werjout. Yn it boek wurde autobiografyske sketsen ôfwiksele mei seis gedichten, wêrûnder it lange, sprekkende gedicht ‘Transport nei Neuengamme (9 septimber 1944)’.Van Tuinen jout in yngeand byld fan it deistige libben yn de barakken. Der is it wachtsjen, it omhingjen, it sinleas wurk – lykas it meitsjen fan boartersguod – de appèls yn ‘it roazetún’, it beruchte tún dêr’t kampfinzenen bytiden, waar of gjin waar, dagen oanien delset waarden, sûnder iten en drinken.Passaazjes oer dat soarte strafeksersysjes ûnder lieding fan de Dútske SS’er en plakferfangend kampkommandant Joseph Kotalla, oftewol de boal fan Amersfoart, treffe jin djip likegoed as de yngeande, op solidariteit boude kampfreonskippen.Elske Schotanus beskriuwt yn de ynlieding wa't Reimer van Tuinen wie: túnker, fersetsman en skriuwer. Fan twa fan syn Fryske kampmaten, dêr't hy de häftlinge-nûmers fan neamt, is beskreaun wa't it west ha. Beide, Hein Sietsma en Hendrik Bethlehem, ha de oarloch net oerlibbe.
In het kort
ISBN-13
9789491536748
Verschenen
3 november 2020

Lijkt op dit boek

NSTC 500780149 · CB-relatie 7946675 · Bijgewerkt 6 augustus 2026
Bestel bij bol →
← Terug naar resultaten

Alles bekijken →