

Durk Snoad - wa ken him net? Yn 1971 ferskynde Rink van der Velde syn skelmeroman Feroaring fan lucht. It boek waard in klinkend sukses en neffens de ferhâldingen in absolute bestseller. Durk Lugtigheid, alias Durk Snoad, is de heit fan in húshâlding mei tolve bern en wennet earne djip yn de Sweachster bosken, yn in âld klinte. In asosjale húshâlding, sa soe it spultsje tsjintwurdich bestimpele wurde. Durk Snoad libbet meast fan de steun fanwegen net te kontrolearjen rêchklachten en fan de streuperij. Hy is erfklik yn opstân tsjin it wettich gesach. Woltinkende en goedmienende minsken besykje der dochs noch in fatsoenlike húshâlding fan te meitsjen en prakkesearje it Snoad-folk nei in hierwente yn Drachten. Dat kin fansels net oars as misbeteare. Yn 1990 by de 13de printinge paste de skriuwer de tekst oan foar in nije generaasje lêzers. Dizze útjefte is gelyk oan de lêste, sechtjinde printing fan 2004.Yn Durk Snoad hawwe wy no dan lang om let de oerurven Frysk-Wâldsjer fariant begroetsje kind fan de literêr ferneamde 'uitvreter'. In man, wol sljocht en rjocht, mar net froed en from. Freark Dam yn de Ljouwerter KranteFeroaring fan lucht is in harstikke moai boek!Jo Smit yn de Drachtster CourantRink van der Velde (1932-2001) waard grut op 'e Sweach, folge de mulo yn Drachten en wurke as jonge fan achttjin in skoft by in boer yn Frankryk. Nei syn tsjinsttiid waard er sjoernalist, úteinliks by de Ljouwerter Krante. Hy ûntjoech him as betûft skriuwer fan romans, ferhalen en 'stikjes'. Altyd lei syn hert by de ferhûddûke minske dy't him net yn it systeem skikke wol. Syn ûnderwerpen en tagonklike, smeudige styl fan skriuwen makken him ta de meast lêzen Fryske skriuwer fan syn generaasje.
In het kort
ISBN-13
9789089546883
Uitgever
Verschenen
10 oktober 2014
Bibliografisch
ISBN-139789089546883
TaalFries fry
Pagina’s194
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
CB-relatie-id9087293
Verschenen10 oktober 2014
StatusInactief 08
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Adviesprijs (incl. btw)€ 19,50
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Literaire roman, novelle 301
NUR (alle)301 Literaire roman, novelle
Medewerkers
Auteur A01Rink van der Velde
Herkomst
Werk-id (NSTC)500092710
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 500092710 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









