← Terug naar resultaten
Omslag van Fier fan alle drokte
Bestel bij bol ↗
partnerlink
Metadata exporteren

Fier fan alle drokte

PaperbackFries351 pagina’s€ 32,50Inactief
Flaptekst
Far from the madding crowd (1874) is it fjirde boek fan Thomas Hardy en it earste dat echt sukses hie. It boek spilet op it plattelân yn it súdwesten fan Ingelân, mei fiktive plak- en streeknammen. It is yn sekere sin in 'boereroman', mar dan wol heel oars as de Fryske boereromans fan foarhinne. It is ek in leafdesferhaal, dat, oars as yn bijgelyks in letter boek fan him dat ik yn it Frysk fertaald haw, Tess fan de D'Urbervilles, 'goed' ôfrint - mar dan binne der earst toch wol in pear skokkende dingen gebeurd. Wat nettsjinsteande dat toch opfalt is de luchtige humor, dy't yn syn lettere, inktswarte boeken ûntbrekt. De haadpersoanen binne Bathsheba Everdene en Gabriël Oak. Bathsheba wurdt daalk oan it begjin al foarsteld as in heel kreaze, mar tefolle mei harsels ynnommen jonge frou. De evenredige jonge skieppeboer Gabriël, dy't har as earste as frou ha wol, wurdt ôfwiisd. Neidat hij letter al syn skiep troch in ûngelok kwyt rakke en fallyt gongen is, en Bathsheba de pleats fan har omke urven hat, treffe se inoar wer, mar dan yn de relaasje fan feint en bazinne. As Bathsheba yn in healwize opstiging in Falentynskaart oan har wat âldere buorman stjoert, de frijfeint Boldwood, bringt se sûnder it te bedoelen in proses op gong dat rare gefolgen krijt. Bathsheba, de ritige en wat oerflakkige bewûnderaarster fan in man syn bûtenkant, trout úteinlik mei de kreaze en sjarmante, mar leechhollige sersjant Troy. Foardat Bathsheba en Gabriël elkoar lang om let 'krije', gebeure der op dat kalme plattelân nuvere dingen. Bathsheba, yn sekere sin de feroarsaakster dêrfan, no einlings wat wiis wurden, en slim mei de sitewaasje ferlegen, kin dan net oars as om sels yn in prachtige en yn subtile taal beskreaune sêne Gabriël te freegjen om har man te wurden. Sa is de sirkel fan dit boek rûn. Far from the madding crowd is út in rigel yn in ferneamd gedicht fan Thomas Gray út 1751, dat de rêst en evenredigens fan it plattelân beskriuwt; mar dy rêst en evenredigens binne yn dit boek mar skyn. Dy titel is dêrom frij iroanys. It boek, dat ferskillende kearen moai ferfilme is, hat yn it Frysk de titel krigen Fier fan alle drokte. It is in beskriuwing, seit Hardy sels, fan in Ingelse plattelânskultuer dy't yn syn tiid al hurd oan it ferdwinen wie.
Bibliografisch
ISBN-139789463650724
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s351
GeïllustreerdNee
Uitgave
CB-relatie-id9087293
Verschenen12 juli 2018
StatusInactief 08
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Adviesprijs (incl. btw)€ 32,50
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Medewerkers
Auteur A01Thomas Hardy
Vertaler B06Geart fan der Mear
Herkomst
Werk-id (NSTC)500135791
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Laatste CB-bericht7766
Bijgewerkt5 augustus 2026

Lijkt op dit boek

Omslag van Sulver en minsken
Sulver en minsken
Joseph Conrad
€ 31,50
Omslag van It geheim fan Lord Jim
It geheim fan Lord Jim
Joseph Conrad
€ 29,95
Omslag van Om my hinne
Om my hinne
Steven Sterk
Paperback · 2026
Omslag van Moard yn 'e stoarm NIEUW
Moard yn 'e stoarm
Meindert Bylsma
€ 16,50
Omslag van It djippe wêzen fan de Friezen om utens
It djippe wêzen fan de Friezen om utens
Hâns Dijk
€ 22,50
Omslag van De allure fan 'e „dark“ twilling NIEUW
De allure fan 'e „dark“ twilling
Marita G. Schmitz
€ 39,99
Omslag van Sasjenka NIEUW
Sasjenka
Simon Sebag Montefiore
E-book · 2026
Omslag van Viva la Vis NIEUW
Viva la Vis
Eppie Dam
Hardback · 2026
Omslag van Fan slachtofferskip nei kreative krêft - fan myn libben NIEUW
Fan slachtofferskip nei kreative krêft - fan myn libben
Marita G. Schmitz
€ 32,99
Omslag van Tafallichheden ??? Se besteane net !!! NIEUW
Tafallichheden ??? Se besteane net !!!
Marita G. Schmitz
€ 39,99