

Flammen
Paperback247 pagina’sFries
Elske is drok dwaande mei de tariedings foar har houlik mei Ronny. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen en dêr spuit har famylje raar guod fan, sjoen Betty har reputaasje yn it doarp. Mar Betty hat in protte talinten en krijt dêrtroch suver mear oansjen. Fêstberet om Elske net teloar te stellen, seit se ta dat se har gedrage sil, mar se komt foar grutte útdagings te stean. Elske, ek net altyd like handich yn it oersjen fan har eigen spontane aksjes, hat der noed oer oft it allegear wol goed komt, mar Ronny fertrout derop dat it in ûnferjitlike dei wurdt. En dat wurdt it, yn mear as ien opsicht.Hilda Talsma hat mei De twadde hûd, har debútroman, sjen litten dat se in talint hat dat in breed publyk fertsjinnet: flot, meinimmend, humoristysk en mei in oansprekkende styl. Yn har twadde boek giet se net allinne fierder mei it útdjipjen fan de personaazjes út har earste boek, se lit ek sjen dat se groeid is yn har skriuwersskip. It boek is tige ûnderhâldend en hat in ferrassend slot.
In het kort
Bibliografisch
ISBN-139789089544698
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s247
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
CB-relatie-id9087293
Verschenen11 september 2012
StatusInactief 08
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Adviesprijs (incl. btw)€ 22,50
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Romantiek 343
NUR (alle)343 Romantiek
Medewerkers
Auteur A01Hilda Talsma
Herkomst
Werk-id (NSTC)500272184
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
NSTC 500272184 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026