Dit is it leafdesferhaal fan Floaris en Blankefloar, de reade roas (it fjoer fan de leafde) en de wite leelje (de reine ûnskuld). It ferhaal fan de leafde tusken twa jonge minsken fan in ferskillend leauwen: Blankefloar is Kristinne, Floaris is fan moslim komôf. Troch alle tsjinwurking fan Floaris syn âlden hinne bliuwe Floaris en Blankefloar inoar trou en Floaris ûndernimt in nuodlike reis om syn leafste werom te krijen. Ek as hja inoar werfûn hawwe, ist gefaar noch net geweken en stiet harren libben sels even op it spul. Lokkich beslacht alles goed oan e ein.
Troch alle ieuwen hinne hawwe minsken niget hân oan de histoarje fan Floaris en Blankefloar. Mei dêrby de tsjinstelling kristlikheid-islam is it ferhaal yn dizze tiid ek noch wer tige aktueel.
Klaas Bruinsma hat op treflike wize it middelnederlânske gedicht oerset yn flotrinnende, hjoeddeisk-Fryske fersrigels. In juwieltsje foar Fryslân en de Fryske bibleteek.
Nei syn pensjoen yn 1986 hat Bruinsma (1931, Easterein) him hielendal wijd oan it oersetten fan de klassiken út de wrâldliteratuur. As gymnasiast wie hy dêr al mei dwaande. In 1993 krige hy de dr. Obe Postma-priis foar syn oersetting fan trije trageedzjes fan Sofokles, en yn itselde jier foel him de kultuerpriis fan de gemeente Gaasterlân-Sleat ta 'voor zijn verdiensten voor het behoud van de Friese taal.' Yn 2005 is him op e nij de dr. Obe Postma-priis takend, ditkear foar syn oersettings yn it Tinkboek fan Gysbert Japicx, de bondel Lânwurk mei de oersetting fan de Georgika fan Vergilius, en foaral foar syn oersetting fan de Ilias en de Odusseia fan Homêros.

In het kort
ISBN-13
9789089541437
Uitgever
Verschenen
1 december 2009
Bibliografisch
ISBN-139789089541437
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s144
GeïllustreerdJa
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
CB-relatie-id9087293
Verschenen1 december 2009
StatusInactief 08
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Zonder prijsPrijs volgt
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Klassieke oudheid (teksten) 308
NUR (alle)308 Klassieke oudheid (teksten)
Medewerkers
Auteur A01Diederik van Assenede
Vertaler B06Klaas Bruinsma
Herkomst
Werk-id (NSTC)500307192
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
NSTC 500307192 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026