

Tymo syn mem is in Frou Sûnder Man. No tinkt se dat se sjoch omheech miskien wol in leuke nije freon fûn hat. Ferdy hat in kanarjegiele auto en leit de hiele dei te luilakjen op de bank dêr’t Tymo sa graach op sitte mei om te gamen. Dêrom wol Tymo dy nije flam fan syn mem sa gau mooglik ta de doar út hawwe.Tagelyk wurdt it no echt tiid dat se in leukere freon fynt, tinkt er. Mar hoe moat er dat oanpakke? En dan komt der in nij jonkje by Tymo yn de groep. Dy’t in hiel spannende Heit Sûnder Frou hat, in echte keunster dy’t bylden sa grut as in reus makket. Soe dy net mei syn mem wolle? Al gau komt Tymo derachter dat it allegear net sa maklik is, hielendal as Bahar neist him te wenjen komt.‘Heech Tymo, sjoch omheech’ is in boek foar lyts en grut, jong en âld, oer leafde en lije, it trochbrekken fan grinzen en ûntdekke wa’t je binne, skreaun mei humor en oant de ein ta spannend.
In het kort
ISBN-13
9789492457202
Uitgever
Verschenen
30 april 2018
NUR
Imprint
Bibliografisch
ISBN-139789492457202
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s136
GeïllustreerdJa
Uitgave
UitgeverHet Nieuwe Kanaal
ImprintHet Nieuwe Kanaal
CB-relatie-id6815093
Verschenen30 april 2018
StatusOnbekend 00
Vorm & inhoud
ProductvormHardback BB
SamenstellingLos product
Medewerkers
Auteur A01Koos Tiemersma
Illustrator A12Carla van der Heijde
Herkomst
Werk-id (NSTC)500130172
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 500130172 · CB-relatie 6815093 · Bijgewerkt 6 augustus 2026
