Hessel Ypma
Paperback228 pagina’sFries
Haadpersoan Hessel Ypma is net in sympatyk
personaazje. Hy is stoef en swijsum, in rêsteleaze
wrotter en wramer, en tagelyk in grutte ynklauwer,
want jild is foar him it iennichste dat telt. Hessel
makket slachtoffers en dy lit Akkerman syn lêzers
sjen. Mar Hessel sels feroaret gjin sprút. It ferhaal
spilet him ôf yn in wrâld dyt net mear bestiet. Mar
de Hessel Ypmas binne fan alle tiden: fûle, deune
gjirremiten mei wat jo eins begrutsjen hawwe
moatte.
Paulus Akkerman skreau Hessel Ypma yn it lêste
oarlochsjier. De roman stiet yn de tradysje fan de
Fryske boereroman. It boek ferskynde foar it
earst yn 1949 yn de Fryske Bibleteek. Dizze fjirde
printing is in werútjefte fan de tredde út 1993 yn
de rige Fryske Klassiken i, mei in neiwurd fan
Tineke Steenmeijer-Wielenga.
De iennichste fraach dyt Hessel Ypma ús stelle kin is: Hat it noch sin om op dizze wize fierder te breidzjen oan de stikken fan in te lette Frysk realistyske hoas, fierder te woekerjen mei de talinten dyt út fean, klaai en terpmodder dold wurde? Ik leau fan net. Akkerman is in knap prozaïst op in te smel front. Hessel Ypma bewiist it fannijs.
Anne Wadman yn De Tsjerne yn 1949
De ynhâlden manier wêropt syn personaazjes prate, litte jin hiele wrâlden fan emoasjes riede. Mar dy manier fan fertellen typearret it hiele proaza fan Akkerman. Fral syn Frysk en net
sasear de roman Hessel Ypma mei om dy reden neffens my dan ek klassyk hjitte.
Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant yn 1993

In het kort
ISBN-13
9789089542946
Uitgever
Verschenen
9 april 2011
Imprint
Bibliografisch
ISBN-139789089542946
TaalFries fry
Pagina’s228
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
ImprintTDE
CB-relatie-id9087293
Verschenen9 april 2011
StatusInactief 08
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Adviesprijs (incl. btw)€ 16,50
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Streek- en familieromans 344
NUR (alle)344 Streek- en familieromans
Medewerkers
Auteur A01Paulus Akkerman
Andere edities van dit werk NSTC 500188225
Herkomst
Werk-id (NSTC)500188225
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
NSTC 500188225 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026