
Plak fan hanneling: it Fryske greiddoarp Flokswert yn 'e jierren justjes foar, tidens en krekt nei de Twadde Wrâldoarloch. Haadpersonaazjes: Bouke Martensma, in handikapte skriuwer, Minke Wiuwerda, eigensinnige dochter fan in slachter-lânferrieder en doarpsdokter Jos Degreve, op wa't de titel betrekking hat. Dy trije binne lotgenoaten, oan inoar ferbûn troch frjemde triedden fan tagedienens, skuldgefoel en ûnwissens. Foar elk fan har jout dat komplikaasjes en hat it konsekwinsjes. Op 'e eftergrûn spilet de doarpsmienskip mei syn godstsjinstige en maatskiplike tsjinstellingen, mei ferset en ferried, mei al syn nuverichheden en syn sjarmes. In kronyk fan minsklike lytsens soe men dit relaas neame kinne, teboeksteld troch Martensma. Mar neat is sa lyts of der skimeret út en troch ris in glimp fan wat grutters trochhinne. Dizze tredde printing is in werútjefte fan de earste printing út 1986.Lês it boek, soe ik sizze wolle, keapje it en jou it ek de jongerein yn hannen. Net iens om't se dêr goed Frysk yn oantreffe, mar om't it in sjenwize jout op it ferline en op minsklike ferhâldingen yn it algemien. Wadman toant him mei dit boek in betûfte romancier, in fakman. Jo Smit yn Frysk en FrijDe tsjinstelling goed/fout wurdt troch Wadman yn dit boek gâns relativearre, al bliuwt it nazy-wêzen in kwestje fan dommens, sleauwens en oerflakkichheid.Steven H.P. de Jong yn Ta in hichte of de balke yn eigen each
In het kort
ISBN-13
9789089544117
Uitgever
Verschenen
5 maart 2012
Imprint
Bibliografisch
ISBN-139789089544117
TaalFries fry
Pagina’s137
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
ImprintTDE
CB-relatie-id9087293
Verschenen5 maart 2012
StatusOnbekend 00
Vorm & inhoud
ProductvormE-book ED
VormdetailE101 EPUB
SamenstellingLos product
EPUB-versie2
Beveiliging e-bookDigitaal watermerk 02
Classificatie
NUR (hoofd)Literaire roman, novelle 301
NUR (alle)301 Literaire roman, novelle
Medewerkers
Auteur A01Anne Wadman
Herkomst
Werk-id (NSTC)500162643
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 500162643 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









