

Jules Verne (1828-1905) is in wiid ferneamd skriuwer út 'e njoggentjende iuw. Yn syn romans nimt er syn lêzers mei op fiere reizen, dwers troch Afrika, oer de Russyske steppes, nei de Noardpoal of nei de djipten fan 'e oseaan. Jules Verne kombinearre spannende aventoeren mei boeiende beskriuwings fan lannen en folken. Klassikers as De la Terre à la Lune (In reis nei de moanne), Le Tour du monde en 80 jours (In wrâldreis yn 80 dagen) en Voyage au centre de la Terre (De reis nei it middelpunt fan 'e ierde) hawwe al in soad generaasjes fassinearre, en noch altyd foarmet it wurk fan Jules Verne in boarne fan ynspiraasje foar filmers, skriuwers en reklameburo's.Yn In reis nei de moanne beskriuwt Jules Verne hoe't in bemanne kûgel mei in gigantysk kanon nei de moanne ta sketten wurdt. Net earder yn de literatuerskiednis waarden de natuerkundige en technyske eftergrûnen fan sa'n reis sa sekuer beskreaun. Verne basearde him op aktuele kennis en rôp foar de berekkenings ferneamde wiskundigen te help. De la Terre à la Lune jout dêrtroch in goed byld fan de wittenskiplike stân fan saken yn 1865. De roman hat dan ek tige bydrûgen oan Jules Verne syn reputaasje as grûnlizzer fan de science fiction. Mar efter de wittenskiplike roman binne mear lagen te finen: it ferhaal kin ek lêzen wurde as in skerpe satire op 'e driuw ta dieden fan de Amerikanen en har militarisme.Dizze klassiker is no foar 't earst yn it Frysk útbrocht yn in yntegrale oersetting mei alle oarspronklike gravueres, guon sels yn kleur.
In het kort
ISBN-13
9789089548269
Uitgever
Verschenen
15 december 2015
Bibliografisch
ISBN-139789089548269
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s202
GeïllustreerdJa
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
CB-relatie-id9087293
Verschenen15 december 2015
StatusInactief 08
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Adviesprijs (incl. btw)€ 19,95
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Vertaalde literaire roman, novelle 302
NUR (alle)302 Vertaalde literaire roman, novelle
Medewerkers
Auteur A01Jules Verne
Vertaler B06Syt Bakker-Palma
Herkomst
Werk-id (NSTC)100036113
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 100036113 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









