
It dak fan de wrâld is de spannende, twadde roman fan Ferdinand de Jong. Dit is it earste Fryske boek dat him yn it fermidden fan berchbeklimmers ôfspilet. It dak fan de wrâld waard yn 2012 bekroand mei de Rink van der Veldepriis fan de gemeente Smellingerlân.Haadpersoan Redmar Ozinga krijt as jonge fan achttjin tsien proeflessen kado: in koarte kursus berchbeklimmen fan Marcel de Ruiter. Marcel is in geweldich ynspirearjende en spannende keardel. Dat fynt ek Hiske, de nije leafde fan Redmar. En dat soarget fansels wer foar grutte argewaasje. Nei Redmar syn earste aventoeren op de Ben Nevis, yn de Skotse Highlands, sille Marcel, Hiske en Redmar it dak fan de wrâld betwinge, de Mount Everest. Underwilens is dúdlik wurden dat Marcel wol in hiel nuver houtsje is, in man dyt altyd fan alles by de ein hat, ek minder frisse saken.Yn dizze roman stride humor, spanning en romantyk om de oandacht fan de lêzer. It dak fan de wrâld is mei grutte faasje skreaun.Fan Ferdinand de Jong ferskynde yn 2010 de debútroman Guozzeflecht, in bjusterbaarlik ferhaal oer in spion yn de tiid fan de Kâlde Oarloch. De twadde roman giet oer de tiid fan no en oer werkenbere jonge Fryske minsken. Syn tredde roman, De lêste trúk, op e nij in misdiedroman, ferskynde yn 2013.
In het kort
Bibliografisch
ISBN-139789033003073
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s146
GeïllustreerdNee
Uitgave
Vorm & inhoud
ProductvormE-book ED
VormdetailE101 EPUB
SamenstellingLos product
EPUB-versie2
Beveiliging e-bookDigitaal watermerk 02
Medewerkers
Auteur A01Ferdinand de Jong
Herkomst
Werk-id (NSTC)100017718
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 100017718 · CB-relatie 8517500 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









