Flechtsjend fan it slachfjild yn 1315 wit Niall Eagleton by de Shannon River yn Ierlân oan de dea te ûntkommen. Hast sânhûndert jier letter wurdt kandidaat-gouverneur John Hamilton op in kiezersfeest yn Montana delsjitten. Swier ferwûne oerlibbet er de kûgel út de loop fan in Winchester 70. Mar de moeting mei de dieder, in froulike Eagleton, sil syn libben folslein op e kop sette. It Eagleton Segel is de yndrukwekkende saga fan de famylje Eagleton. Fiere neikommelingen fan High King Brian Bóroimhe dyt yn Amearika, Ierlân en Fryslân wenje, komme werom ta de oarsprong. In brutsen segel fan kostber metaal wiist de Eagletons it paad en is beskiedend foar har lot. It Eagleton Segel is in ferpletterjende fertelling yn de Ierske ferteltradysje. Yn in daverjend tempo sleept de skriuwer de lêzer mei oer slachfjilden en oseanen, troch maffiabolwurken en nei de desolate stiltes fan in ferstoarn lân. De hertstocht en de leafde bloeie, en altyd baarnt it fjoer fan de Ierske ûnfersetlikheid. In wichtich tema yn dit boek is de magyske ferbûnens fan de Eagletons mei de kening fan de loften, de earn.
Arjen Terpstra (1948) is ûndernimmer en skriuwer, wrâldboarger en Fries. Yn 2008 debutearre er as romanskriuwer mei de ûnderskate kearen werprinte emigraasjeroman De hearen fan Fryslân, dêrt er yn 2010 de Rink van der Velde-priis foar krige. Yn syn rike libben wie Terpstra stjoerman op de grutte feart, ûndernimmer yn Amearika, freelance sjoernalist en filmer. Op it stuit is er aktyf yn de entertainmentyndustry.

In het kort
ISBN-13
9789033009181
Uitgever
Verschenen
1 juni 2010
NUR
Imprint
Bibliografisch
ISBN-139789033009181
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s479
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverNDC Mediagroep
ImprintFriese Pers/Noordboek
CB-relatie-id8517500
Verschenen1 juni 2010
StatusOnbekend 00
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Zonder prijsPrijs volgt
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Medewerkers
Auteur A01Arjen Terpstra
Herkomst
Werk-id (NSTC)100020841
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
NSTC 100020841 · CB-relatie 8517500 · Bijgewerkt 6 augustus 2026