

De Hobbit Frodo Balsma krijt fan syn âlde nuveraardige omke Bilbo in wûnder kado presint: in magyske ring dy't yn oerâlde tiden makke is troch de Tsjustere Hear Sauron om dêr de wrâld finaal mei te oerhearskjen. Frodo stiet foar de drege taak om dat op te kearen. Hy moat de Ring yn it fjoer fan 'e fulkaan, dêr't dy yn smeid is, smite.Dat smyt spannende, benaude en merakelse aventoeren op. Us krigele stek-yn-'e-bûse striidt tsjin - en mei - dwirgen, elven, keningen, ferflokte legers, trochtrape tsjoenders, mysterieuze Ringgeasten, fûle rôffûgels, mesjoche meunsters en oar aaklik njirrebrod.Dat alles spilet yn in eksoatysk lânskip - ûnder- en boppe-ierdsk, paradyslik en tagelyk ûnherberchsum - mei idyllyske bosken, net te betwingen bergen, ûnpeilbere ravinen en dûnkere hoalen, kerbûstige rivieren en ûneinige seeën: Midierde - in fiktive wrâld, dy't J.R.R. Tolkien sels skoep, kompleet mei folken, talen, skiednis en mytology. De Hobbit fan John Ronald Reuel Tolkien (Bloemfontein 1892 - Bournemouth 1982) is de prolooch op Master fan alle Ringen, en stiet oan 'e widze fan 'e saneamde fantasy-literatuer.De wrâldwiid populêre trilogy The Lord of the Rings (Hollânske oersetting: In de ban van de Ring) is ferfilme troch Peter Jackson en yn tsientallen talen oerset, dit is de fjouwerenfjirtichste.Liuwe Westra levere in masterstik mei syn Fryske oersetting fan it earste diel The Fellowship of the Ring, It Selskip fan de Ring. Tolkien hie dêr grif niget oan hân, want hy begong syn wurk eins gewoan as taaloefening.
In het kort
ISBN-13
9789085660224
Uitgever
Verschenen
25 november 2011
Serie
Master fan alle Ringen · 1
Bibliografisch
ISBN-139789085660224
SerieMaster fan alle Ringen — deel 1
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s460
GeïllustreerdJa
Uitgave
UitgeverFrysk en Fry, Utjouwery
CB-relatie-id8099396
Verschenen25 november 2011
StatusInactief 08
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Adviesprijs (incl. btw)€ 35,00
Vorm & inhoud
ProductvormHardback BB
SamenstellingPakket (meerdelig)
Classificatie
NUR (hoofd)Vertaalde literaire roman, novelle 302
NUR (alle)302 Vertaalde literaire roman, novelle
Medewerkers
Auteur A01J.R.R. Tolkien
Vertaler B06Liuwe H. Westra
Herkomst
Werk-id (NSTC)500068011
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
NSTC 500068011 · CB-relatie 8099396 · Bijgewerkt 6 augustus 2026