Jan Drost, hynders en hynderark
Paperback92 pagina’sFries
Yn dit boek fertelt Jan Drost it ferhaal fan syn libben as jonge út in húshâlding fan 16. Yn prachtige, sfearfolle taal fertelt er hoet it der by harren thús oan ta gong. Der waard altyd hurd wurke, want, sat heit Drost sei: It iten komt hjir net fansels op e tafel. Mar der wie ek tiid om spultsjes te dwaan en gasten wiene altyd wolkom. Jan wist al jong dat hy mear fan hynders wist as fan rekkenjen en taal en kaam op in spesjale skoalle terjochte. Earst hie er it dêr op in pypfol, want in master dyt net iens wist wat tuskenriden wie soe him wol net safolle leare kinne tocht er, mar dat foel ta. Lykwols, salangt Jan op it lân wie, by de hynders, by heit, dyt him alles learde, dan fielde er him yn syn elemint. Letter krige er ek ynteresse yn famkes en hie it omgean mei de leafde earder yn de slach as it rekkenjen op skoalle. Tegearre mei it famke dat him lokkich makke sette hy him ta wenjen yn in boufallich húske oan de seedyk by Ferwert. Mar dêr spile him letter ek it grutte drama yn Jan syn libben ôf. Hy hie it tige dreech om de tried wer op te pakken. Lokkich hie er syn hynders, dyt him der altyd trochskuorre as er it dreech hat yn syn libben.
Sytse Jouta hat it ferhaal fan Jan Drost opskreaun en hy hat it skitterend ferwurde, yn passende, ienfâldige taal mei each foar it Fryske boerelibben. Troch al de ynformaasje oer it âlde boere-ark dat Jan yn syn libben sammele hat, hat it ek in protte dokumintêre wearde. Sat Jan altyd fuort sjen kinne oft in wein in echte Miedema is, is oan dit boek te sjen, dat it om in tige autentyk stikje Fryske skiednis giet.

In het kort
ISBN-13
9789089540256
Uitgever
Verschenen
28 mei 2008
Bibliografisch
ISBN-139789089540256
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s92
GeïllustreerdJa
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
CB-relatie-id9087293
Verschenen28 mei 2008
StatusInactief 08
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Adviesprijs (incl. btw)€ 12,95
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Waargebeurde verhalen 402
NUR (alle)402 Waargebeurde verhalen
Medewerkers
Auteur A01S. Jouta
Herkomst
Werk-id (NSTC)500616577
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 500616577 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026