

Krêft fan it folk Diel 8 fan ‘In Fryske Odyssee’
Krêft fan it folk is it achtste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft en Krêftfjilden wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1986. Yn Krêft fan it folk spilet de paradoks fan ienheid en skieding in rol. Op it skilderij ‘Prosesje yn it gûvernemint Koersk’ fan de Russyske skilder Ilja Repin sjocht men de ienheid fan de Narod (folk), dat him ûnderdrukt fielt troch de machthawwers. It skilderij ‘Presidint Lincoln hâldt in rede’ fan de Frânske skilder Jean-Léon Gérôme’ sprekt ek fan ienheid, nei de skieding en boargeroarloch tusken de noardlike en súdlike steaten fan de Feriene Steaten. Trije keunstners yn It Heidenskip litte yn de galery fan Minke Blomhof-Bonnema keunstwurken sjen dêr’t in protte folk op ôf komt: de krêft fan it doarpsfolk, hoewol’t ien fan dy keunstners op ôfstân bliuwt. It folk, grut of lyts, is altyd ûnderweis nei in bestimming dêr’t gjin sprake mear is fan de paradoks fan ienheid en skieding.
In het kort
ISBN-13
9789464243802
Uitgever
Verschenen
15 juni 2021
Bibliografisch
Uitgave
UitgeverAspekt B.V., Uitgeverij
CB-relatie-id7100811
Verschenen15 juni 2021
StatusLeverbaar 04
BeschikbaarheidBeschikbaar 20
Adviesprijs (incl. btw)€ 22,95
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Literaire fictie algemeen 300
NUR (alle)300 Literaire fictie algemeen
Medewerkers
Auteur A01Willem Tjerkstra
Herkomst
Werk-id (NSTC)501465072
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 501465072 · CB-relatie 7100811 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









