
Kritysk konfoai
E-book220 pagina’sFries
Yn 1951 bondele Wadman de kritiken en essays dy't er oant dan yn it literêr tydskrift De Tsjerne skreaun hie. Hy hifke dêryn de Fryske literatuer oan it `Europeeske nivo' en besocht de selsfoldienens te trochbrekken. Dat die er mei alle skerpte, stilistysk en ynhâldlik. Hy waard oantsjut as in `wikel midden 'e mosken' en krige ek de bynamme `de boal fan De Tsjerne'.Ut de ynlieding: `De kronykskriuwer is him bewust dat er fan dy Fryske proazaliteratuer [fan de ôfrûne fiif jier] in beskaat byld tekene hat - in byld dat de histoarje faaks as in mistekening sjen sil. Hy avontoeret it, dat subjektive byld de lêzer foar te lizzen yn boekfoarm, om't er him der fan bewust is, dat it `right or wrong, my country' op it stik fan de kultuer in tige swak argumint is. Der kin yn alle gefallen gjin twivel oan bestean, oan hokker kant fan de tinkbyldige streek tusken `lektuer' en `literatuer' as er stiet. It soe him lykwols goeddwaan, as dizze kroniken bewize koene dat er dêr net mei tige noft stiet, dat it in sigerich plak is, en dat er dy imaginêre streek sels as in probleem sjocht.' Foar Kritysk konfoai krige Wadman yn 1952 de Gysbert Japicxpriis.Mear kritiken en essays fan Wadman binne útjûn yn It kritysk kerwei (1990) en Oer oarmans en eigen (1994), beide ek beskikber yn de `Nije biblioteek'. Dizze útjefte is de werprinting fan de earste.
In het kort
ISBN-13
9789089544124
Uitgever
Verschenen
5 maart 2012
Imprint
Bibliografisch
ISBN-139789089544124
TaalFries fry
Pagina’s220
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
ImprintTDE
CB-relatie-id9087293
Verschenen5 maart 2012
StatusOnbekend 00
Vorm & inhoud
ProductvormE-book ED
VormdetailE101 EPUB
SamenstellingLos product
EPUB-versie2
Beveiliging e-bookDigitaal watermerk 02
Classificatie
NUR (hoofd)Literaire essays 323
NUR (alle)323 Literaire essays
Medewerkers
Auteur A01Anne Wadman
Herkomst
Werk-id (NSTC)500284387
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 500284387 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









