
Anne Wadman skreau Mei Abraham fûstkje ta gelegenheid fan syn fyftichste jierdei. It is in karlêzing út eigen novellistysk, essayistysk en polemysk wurk, oanfolle mei autobiografyske bydragen. It boek hat in sterk dokumintêr karakter en is yllustrearre mei bysûndere foto's. Troch de konfrontaasje dy't er yn it boek oangiet mei Fedde Schurer, E.B. Folkertsma en Jan Piebenga leveret it in wichtige bydrage ta de literatuerskiedsskriuwing. It boek befettet ek twa kontroversjele ferhalen, dy't net yn De Tsjerne of oarsearne publisearre wurde mochten fanwege har iepenhertich eroatysk karakter. Ien dêrfan is `De reade roas', dat yn 1960 fan de útjouwer net yn de ferhalebondel Yn 'e lytse loege opnommen wurde mocht.Dizze twadde printing is de werútjefte fan de earste printing út 1969.In by tiden hyper-persoanlike skriuwerij mei bledsiden út it deiboek fan in skriuwer, alle kompleksen iepen en bleat, himsels en in stikmannich oare griemers te kyk en te kak settend. T.K. yn De StimOmdat wy yn Anne Wadman ien fan de weinige skriuwers hawwe dy't har dingen dogge net by de graasje fan it fûnkje fan de dichterlike ynspiraasje mar fan de flam fan de erudysje en talint sil Mei Abraham fûstkje yn elk gefal lêzen wurde moatte troch elk dy't yn Frysk-literêre saken yn ús dagen in krom meitinke, -prate en byneed -skriuwe wol.Freark Dam yn De StrikelDe skriuwer, nettsjinsteande de moeting dêr't de titel fan sprekt, wit net wêr't Abraham de moster langer hellet. Boppedat komt dy moster lang nei de mieltyd. A.W., lêste sinnen fan Mei Abraham fûstkje
In het kort
ISBN-13
9789089544131
Uitgever
Verschenen
5 maart 2012
Imprint
Bibliografisch
ISBN-139789089544131
TaalFries fry
Pagina’s214
GeïllustreerdJa
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
ImprintTDE
CB-relatie-id9087293
Verschenen5 maart 2012
StatusOnbekend 00
Vorm & inhoud
ProductvormE-book ED
VormdetailE101 EPUB
SamenstellingLos product
EPUB-versie2
Beveiliging e-bookDigitaal watermerk 02
Classificatie
NUR (hoofd)Bloemlezingen 309
NUR (alle)309 Bloemlezingen
Medewerkers
Auteur A01Anne Wadman
Herkomst
Werk-id (NSTC)500162644
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 500162644 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









