
Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan 'e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech, in jutesek. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op 'e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op 'e rin.Resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro 'de Blomkes' neamd, krije in melding. Wiggele Kingma is de ôfrûne nacht net thús kommen. No bart dat wol faker, mar diskear fine se in plasse bestjurre bloed yn syn skuorre. En it docht bliken dat der hiel wat minsken binne by wa't dizze boer op in tige minne namme leit. Yn har syktocht nei de wierheid komme der mear liken út de kast. De Blomkes moatte alles op alles sette om de wierheid te efterheljen. En dan is it by eintsjebeslút dochs wer hiel oars as dat it yn it begjin like.Dit is it twadde diel yn de searje plysjeromans mei de filosofearjende plysjemannen Bekkema en Roosjen yn de haadrol. Diel 1, Allegearre snie, ferskynde yn 2015. Ek yn dit boek toant Bylsma him wer in boeiend ferteller, mei each foar detail en in humoristyske ynslach.
In het kort
ISBN-13
9789463650557
Uitgever
Verschenen
18 juni 2018
Imprint
Bibliografisch
ISBN-139789463650557
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s126
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
ImprintElikser B.V. Uitgeverij
CB-relatie-id9087293
Verschenen18 juni 2018
StatusOnbekend 00
Vorm & inhoud
ProductvormE-book ED
VormdetailE101 EPUB
SamenstellingLos product
EPUB-versie2
Beveiliging e-bookDigitaal watermerk 02
Classificatie
NUR (hoofd)Detective 331
NUR (alle)331 Detective
Medewerkers
Auteur A01Meindert Bylsma
Herkomst
Werk-id (NSTC)500128862
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 500128862 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026





