
Dit is it twadde diel yn de searje plysjeromans mei de filosofearjende plysjemannen Bekkema en Roosjen yn de haadrol.Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan 'e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op 'e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op 'e rin. Resersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro 'de Blomkes' neamd, krije in melding. Wiggele Kingma is de ôfrûne nacht net thús kommen. No bart dat wol faker, mar diskear fine se in plasse bestjurre bloed yn syn skuorre. En it docht bliken dat der hiel wat minsken binne by wa't dizze boer op in tige minne namme leit. Yn har syktocht nei de wierheid komme der mear liken út de kast. De Blomkes moatte alles op alles sette om de wierheid te efterheljen. En dan is it by eintsjebeslút dochs wer hiel oars as dat it yn it begjin like. Dit is it twadde diel yn de searje plysjeromans mei de filosofearjende plysjemannen Bekkema en Roosjen yn de haadrol. Bylsma toant him in boeiend ferteller, mei each foar detail en in humoristyske ynslach.
In het kort
ISBN-13
9789460381645
Uitgever
Verschenen
25 juli 2024
Serie
Imprint
Bibliografisch
Uitgave
UitgeverAudiofrysk
ImprintAudiofrysk
CB-relatie-id7803570
Verschenen25 juli 2024
StatusOnbekend 00
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Zonder prijsPrijs volgt
Vorm & inhoud
ProductvormLuisterboek AJ
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Literaire fictie algemeen 300
NUR (alle)300 Literaire fictie algemeen
Medewerkers
Auteur A01Meindert Bylsma
Voorlezer E07Sjoerd van Beem
Herkomst
Werk-id (NSTC)501596634
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 501596634 · CB-relatie 7803570 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









