
In fermaaklike misdiedroman mei de resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen yn de haadrol.De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan ′e grêfkelder dy't ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boereadel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke.Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op ′e trep nei de kelder leit in lyk.Wurk oan de winkel foar brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen.De beide mannen binne folslein ferskillend fan aard. Se jouwe inoar gauris stekken ûnder wetter en Bekkema moat Roosjen regelmjittich wer by de les lûke, mar se kinne as de blommen. Op it buro wurde se dan ek "De Blomkes" neamd.Se dûke fuort yn dizze aparte saak. Al gau komme se bysûndere dingen tsjin en dy roppe wer allegearre fragen op. Wat is de rol fan de eardere koster? Wêrom wie de tsjerke net ôfsletten? Wat stiet der eins yn it testamint?In spannend en fermaaklik aventoer. It is it tredde diel yn de searje oer "De Blomkes". Earder ferskynden Allegearre snie en Moard yn ′e hite hei.
In het kort
ISBN-13
9789460381744
Uitgever
Verschenen
15 januari 2026
Serie
Imprint
Bibliografisch
Uitgave
UitgeverAudiofrysk
ImprintAudiofrysk
CB-relatie-id7803570
Verschenen15 januari 2026
StatusOnbekend 00
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Zonder prijsPrijs volgt
Vorm & inhoud
ProductvormLuisterboek AJ
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Detective 331
NUR (alle)331 Detective
Medewerkers
Auteur A01Meindert Bylsma
Voorlezer E07Jan Schotanus
Herkomst
Werk-id (NSTC)501653918
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
NSTC 501653918 · CB-relatie 7803570 · Bijgewerkt 6 augustus 2026