

De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan ’e grêfkelder dy’t ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boere-adel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke. Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op ’e trep nei de kelder leit in lyk.Wurk oan de winkel foar brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen. De beide mannen binne folslein ferskillend fan aard. Se jouwe inoar gauris stekken ûnder wetter en Bekkema moat Roosjen regelmjittich wer by de les lûke, mar se kinne as de blommen. Op it buro wurde se dan ek “De Blomkes” neamd. Se dûke fuort yn dizze aparte saak. Al gau komme se bysûndere dingen tsjin en dy roppe wer allegearre fragen op. Wat is de rol fan de eardere koster? Wêrom wie de tsjerke net ôfsletten? Wat stiet der eins krekt yn it testamint? In spannend en fermaaklik aventoer. It is it tredde diel yn in searje oer “De Blomkes”. Earder ferskynden Allegearre snie en Moard yn ’e hite hei.
In het kort
Bibliografisch
ISBN-139789463653985
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s115
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
CB-relatie-id9087293
Verschenen7 december 2021
StatusLeverbaar 04
BeschikbaarheidBeschikbaar 20
Adviesprijs (incl. btw)€ 16,50
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Classificatie
Medewerkers
Auteur A01Meindert Bylsma
Herkomst
Werk-id (NSTC)501486333
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Trefwoorden
Lijkt op dit boek
NSTC 501486333 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026




