

Moriaan, de Swarte Ridder
Paperback161 pagina’sFries
Moriaan, de swarte ridder, is net de Kweade yn persoan, en ek gjin ridder mei in swarte rissing oan. Nee, hy is in ridder mei in swarte hûd, en as sadanich jaget hy by in bulte minsken de skrik der yn. Mar net by Walewein en Lanselot, dyt nei in earste skermessearring ienriedich mei him op en paad tsjogge, fral as se merke dat Moriaan in kristen is.De queeste fan Moriaan is dy nei syn heit Aglawal, de broer fan Persewal. Aglawal hat destiids as krúsridder by in Moarske frou in bern oanset. Hy hat syn eed fan trou oan de frou brutsen troch net wer by har werom te kommen, omt hy op syk moast nei de ferdwûne Lanselot. No, fjouwerentweintich jier letter, komt Moriaan nei Brittanje om syn heit te sykjen, om syn mem dêrmei rjocht te dwaan, en om syn rjochtmjittich besit op te easkjen.Yn dit aventoerlike ferhaal komme we alle bekende midsieuske eleminten tsjin, sa as in jonge faam yn it nau dyt befrijd wurde moat, in rôversbinde, in klûzner dyt rie jout, in meunster dat rûnom eltsenien yn e besnijing hat, en fansels in falske ridder. Om syn doel te berikken fjochtet Moriaan earst hiel wat ôf. En hoet it ôfrint ... ? In ferhaal fol eare en trou, goed en kwea, trochsetten, boete dwaan en oerwinnen. Mei in bulte psychologysk ynsjoch en in hast hjoeddeiske frisheid set de midsieuske skriuwer syn karakters en dialogen del. Treflik oerset troch Klaas Bruinsma, dyt hjirmei al wer in peareltsje tafoeget oan syn rige fan oersette midsieuske titels: Marike fan Nijmegen, Floaris en Blankefloar, Walewein, Fergút.
In het kort
ISBN-13
9789089543134
Uitgever
Verschenen
1 juli 2011
Bibliografisch
ISBN-139789089543134
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s161
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
CB-relatie-id9087293
Verschenen1 juli 2011
StatusInactief 08
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Adviesprijs (incl. btw)€ 15,00
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Vertaalde literaire roman, novelle 302
NUR (alle)302 Vertaalde literaire roman, novelle
Medewerkers
Vertaler B06Klaas Bruinsma
Herkomst
Werk-id (NSTC)500293880
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 500293880 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









