
Hast alle opnommen wurk yn dizze sammelbondel hat earder yn it literêr tydskrift Quatrebras stien. By de poëzij is de leafdessyklus `Trettjin fersen', mei de bekende rigels: `dêrom lei ik de kul oer 't skouder / en reizge floitsjend ôf', en de grutte sykli `Stadich brekke de foarmen út 'e skyl' en `De greate wrakseling'. Proaza: elf koarte ferhalen yn in yn syn tiid nije styl, sûnder ynterpunksje en haadletters, fol fan kontinu streamende taal dy't de lêzer meifiert as yn in film. Fierder in ienakter, in krityk en in Hollânsktalige ôfskiedsbrief. Fan `De greate wrakseling' ferskynde yn 2005 in aparte nije útjefte by útjouwerij Venus. Dizze útjefte is de werútjefte fan de earste printing út 1973. It boek is net omstavere.`De greate wrakseling' soe it epos fan it skeppingsproses neamd wurde kinne of it epos fan de moderne minske, dy't it paad bjuster is, dy't weet hat fan oarsprong en sin en opnij begjinnen, fan de ivige ûnderstream fan it libben en dy't syn hâldfêst fynt yn it skeppend, it dichterlik dwaande wêzen. Wat stil stiet ferkomt.Sjoerd Leiker yn De Tsjerne Yn Miedema hat Fryslân in skriuwer fan alluere hân, mar suver gjin mins ken him, lêst him en wurdearret him.Tr. Riemersma yn It koarte forhaal yn 'e Fryske literatuer fan de tweintichste ieuDe besieling, passy en driuw dy't dat gedicht [de grutte wrakseling] jeie en de manier sa't de dichter mei nije foarmen boartet, hawwe yn de Fryske poëzy amper har gelikens.Eeltsje Hettinga yn de Moanne
In het kort
ISBN-13
9789089543912
Uitgever
Verschenen
5 maart 2012
Imprint
Bibliografisch
ISBN-139789089543912
TaalFries fry
Pagina’s134
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
ImprintTDE
CB-relatie-id9087293
Verschenen5 maart 2012
StatusOnbekend 00
Vorm & inhoud
ProductvormE-book ED
VormdetailE101 EPUB
SamenstellingLos product
EPUB-versie2
Beveiliging e-bookDigitaal watermerk 02
Classificatie
NUR (hoofd)Bloemlezingen 309
NUR (alle)309 Bloemlezingen
Medewerkers
Auteur A01Hessel Miedema
Herkomst
Werk-id (NSTC)500284380
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 500284380 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









