← Catalogus
Omslag van Sasjenka
Bestel bij bol ↗
partnerlink
Metadata exporteren

Sasjenka

PaperbackFries460 pagina’s€ 34,95Leverbaar
Flaptekst
Sasjenka (2008) is it earste deel fan de ferneamde Moskou-trilogy fan Simon Sebag Montefiore. Montefiore is de skriuwer fan in oantal boeken oer de skiednis fan Ruslân, mar hij hat ek in feardige pinne as romanskriuwer oer de perioade dêr’t er as histoarikus oer skreaun hat. Sasjenka is de namme fan de haadfiguer fan it earste boek fan de trilogy. Yn 1916 is sij 16 jier âld. Sij wennet yn Sint-Petersburg. Har heit, baron Zeitlin, is in rike Joad út Odessa, mar sij is troch har Joadse omke Mendel bekeard ta it bolsjewisme, en wurdt oan it begjin fan it boek oppakt as revolúsjonêr. Har heit krijt har wol frij troch syn ynfloed, mar sij giet troch mei har aktiviteiten foar de Partij. In sekere Sagan fan de geheime tsjinst fan de Tsaar besiket har yn te hieren as dûbelagint. Omke Mendel stipet har hjiryn. Mar dan komt de Oktoberrevolúsje fan 1917. Yn it twadde deel fan dit boek, spyljend yn 1939, is Sasjenka troud mei in bolsjewyk yn in hege posysje bij de geheime tsjinst. Sasjenka is bij de redaksje fan in frouljusblêd foar kommunistise froulju. Dit is krekt nei de showprosessen en de hûnderttûzenen likwidaasjes en suveringen fan 1937-38. Op in jûn komt Stalin sels lâns yn har ‘datsja’ en kriget er in goede yndruk fan har. Mar yn dy tiid is gjinien feilich foar de paranoia fan Stalin, en ek Sasjenka wurdt dêr úteinlik it slachtoffer fan. Sij ‘bekent’ ûnder twang en wurdt feroardeeld as ‘fijân fan it folk’. En kriget de deastraf, lykas ek har man. Har twa lytse bern wurde troch de freon fan har en har man, Satinov neamd, ûnderbrocht bij gesinnen yn Súd-Ruslân. Dat docht Satinov mei gefaar foar eigen libben, mar hij hat noch wat minskliks yn him, en hij wit dat in weeshûs foar bern fan in fijân fan it folk ek deadlik is. Hoe’t Sasjenka oan har ein komt, is noch net dúdlik. Mar wol dat it net ‘reglemintêr’ gongen is. It tredde deel spilet yn 1994. Ruslân is no frij fan it kommunisme. Satinov is in hege militêr wurden en ien fan de meast fereare generaals. Hij is no stokâld en weromsjend op syn libben set er prosessen yn gong dy’t ús úteinlik witte litte hoe’t Sasjenka oan har freeslik ein kommen is. Wij leare har beppesizzer kennen en ek har twa troch Satinov rêden bern. SASJENKA is in yngeand en oangripend boek oer it paranoïde Ruslân fan Stalin dêr’t de wierheid is sa’t de Partij seit dat dy is.
Bibliografisch
ISBN-139789463658997
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s460
GeïllustreerdNee
Uitgave
CB-relatie-id9087293
Verschenen17 juli 2026
StatusLeverbaar 04
BeschikbaarheidBeschikbaar 20
Adviesprijs (incl. btw)€ 34,95
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Medewerkers
Andere edities van dit werk NSTC 501682433
Herkomst
Werk-id (NSTC)501682433
MeldingUpdate 04
Laatste CB-bericht7767
Bijgewerkt5 augustus 2026

Lijkt op dit boek

Omslag van Sulver en minsken
Sulver en minsken
Joseph Conrad
€ 31,50
Omslag van It djippe wêzen fan de Friezen om utens
It djippe wêzen fan de Friezen om utens
Hâns Dijk
€ 22,50
Omslag van Moard yn 'e stoarm NIEUW
Moard yn 'e stoarm
Meindert Bylsma
€ 16,50
Omslag van It geheim fan Lord Jim
It geheim fan Lord Jim
Joseph Conrad
€ 29,95
Omslag van Tafallichheden ??? Se besteane net !!! NIEUW
Tafallichheden ??? Se besteane net !!!
Marita G. Schmitz
€ 39,99
Omslag van Fier fan alle drokte
Fier fan alle drokte
Thomas Hardy
€ 32,50
Omslag van Om my hinne
Om my hinne
Steven Sterk
Paperback · 2026
Omslag van De allure fan 'e „dark“ twilling NIEUW
De allure fan 'e „dark“ twilling
Marita G. Schmitz
€ 39,99
Omslag van Fan slachtofferskip nei kreative krêft - fan myn libben NIEUW
Fan slachtofferskip nei kreative krêft - fan myn libben
Marita G. Schmitz
€ 39,99
Omslag van Viva la Vis NIEUW
Viva la Vis
Eppie Dam
Hardback · 2026