
Shit my mar lek
E-book134 pagina’sFries
Trije wat âldere manlju wurde op ferskillende plakken dea oantroffen. De plysje besiket út te finen wêromt se `lek sketten binne. In sitaat by it finen fan ien fan de manlju: `Selsmoard, dat hie it moaiste west, dat joech minder rompslomp... Mar ja dat kaam net yn de beneaming. Is it boek in misdieroman? Dat soe sa mar kinne. In oar ferhaal begjint mei: Der wie ris in lân dat Dellân hjitte. Krekt as yn in mearke. In mearkeboek? Dat soe ek kinne fansels. Troch it ramtferhaal binne allegearre oare ferhalen frissele dyt de lêzer geregeldwei op e doele bringe. It sintrale tema dat de skriuwer oansnijt is de `minne situaasje fan it Frysk. Hy is der op in seldsume wize yn slagge de toan licht te hâlden, of is dat mar skyn? Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1998.In wûnderlik ludyk boek, fol mei yn parabels en ferhalen ferpakte krityk, mar tagelyk iroanysk en humoristysk. Jelle Krol yn de Leeuwarder CourantAlles yn dit boek, fan mearke oant misdie, hat te krijen mei de delgong en de driigjende ûndergong fan it Frysk.Sjoerd Bottema yn TrotwaerDit boek is dúdlik in gefal fan literêr eksperimint: alles is tastien.Babs Gezelle Meerburg yn it Friesch DagbladMeindert Bylsma (1941) waard berne yn Wergea. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer en joech in skoft les om utens. Pleage troch ûnwennigens kaam er al gau wer yn Fryslân (Kimswert) werom. Bylsma bleau oant syn pensjonearring learaar Nederlânsk en nifeljen yn Harns. Hy is de skriuwer fan in grut oeuvre, sawol poëzij as proaza, mei in opfallende kombinaasje fan boartlikens en earnst.
In het kort
ISBN-13
9789089543653
Uitgever
Verschenen
1 maart 2012
Bibliografisch
ISBN-139789089543653
TaalFries fry
Pagina’s134
GeïllustreerdJa
Uitgave
Vorm & inhoud
ProductvormE-book ED
VormdetailE101 EPUB
SamenstellingLos product
EPUB-versie2
Beveiliging e-bookDigitaal watermerk 02
Classificatie
NUR (hoofd)Literaire roman, novelle 301
NUR (alle)301 Literaire roman, novelle
Medewerkers
Auteur A01Meindert Bylsma
Herkomst
Werk-id (NSTC)500162628
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
NSTC 500162628 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026