
De âlde Miss Dee dy’t yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is Miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it hiele hûs en der hingje selsmakke gerdinen fan krantepapier foar de finsters. De minsken sizze dat Miss Dee ûnder krantepapier sliept! Wa docht soks no?As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wennet, op in kear yn it krantehûs skûlje mei foar de rein, ûnstiet der in bysûndere freonskip. It hûs fan Miss Dee ûnderoan ‘e dyk is foar Silke in oare wrâld, se komt dêr graach. Se leart in protte fan dy âld-learares dy’t har in bytsje iensum fielt op it Fryske plattelân. Sa komt Silke stadichoan mear te witten oer it libben fan Miss Dee yn Ingelân en fansels ek oer de Ingelske taal!Silke hat it net altyd maklik op skoalle, se kin hiel goed leare, mar se wurdt ek faak pleage troch twa famkes út har klasse. Miss Dee leart Silke om sterk yn it libben te stean: to be strong! As Miss Dee no oan de ein fan har libben mar net wer ferhuzet nei Ingelân…Leeftyd 10+
In het kort
ISBN-13
9789493159235
Verschenen
14 februari 2020
Bibliografisch
ISBN-139789493159235
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s104
GeïllustreerdJa
Uitgave
CB-relatie-id7203064
Verschenen14 februari 2020
StatusOnbekend 00
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Zonder prijsPrijs volgt
Vorm & inhoud
ProductvormHardback BB
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Fictie 10-12 jaar 283
Medewerkers
Auteur A01Baukje Wytsma
Illustrator A12Carla van der Heijde
Herkomst
Werk-id (NSTC)500288632
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Trefwoorden
Lijkt op dit boek
NSTC 500288632 · CB-relatie 7203064 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









