
Skiednis fan de Fryske biweging is it earste folsleine boek oer de `Fryske beweging'. Under dat begryp falle alle organisaasjes en minsken dy't har ynsetten hawwe om it Frysk mear earmslach te jaan. Van der Schaaf krige yn 1972 fan de Fryske Akademy de opdracht om it boek te skriuwen; hy wie doe krekt mei pinsjoen. Syn doel wie nei te gean wat de gefolgen en fertuten west hiene fan it `yn it begjin fan de njoggentjinde ieu op gong kommen en stadich krêftiger wurdend stribjen om it âld kultuerbesit fan Fryslân wer ta libben te bringen'. Oardel ieu skiednis wurde troch him libben en detaillearre beskreaun. Oan de jierren 1940-1945 binne twa haadstikken wijd. It boek ferskynde yn 1977 krekt even earder as it proefskrift fan Gjalt Zondergeld, De Friese beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen. Van der Schaaf idintifisearre him mei de Fryske beweging, Zondergeld kritisearre. Yn 1978 krige Van der Schaaf de Piter Jellespriis fan de stêd Ljouwert foar dit boek. Dizze útjefte is de werútjefte fan de earste printing út 1977. It boek is net omstavere.Van der Schaaf lit sjen hoe't de dream fan de romantyk en âldheidkunde en taalkundige niget fan in genoatskipsrûnte útgroeide ta in taalstriid en in emansipaasjebeweging.Ut it sjueryrapport fan de Piter JellespriisJuist die informatie en die nuchterheid, de weergave van feiten tegen de vluchtige, maar wel kenmerkend geschetste achtergrond van de verschillende tijdsperioden, maken dit boek tot een evenwichtig werk, leerzaam, documentair en boeiend.Pieter Terpstra yn it Nieuwsblad van het Noorden
In het kort
ISBN-13
9789089543981
Uitgever
Verschenen
5 maart 2012
Imprint
Bibliografisch
ISBN-139789089543981
TaalFries fry
Pagina’s417
GeïllustreerdJa
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
ImprintTDE
CB-relatie-id9087293
Verschenen5 maart 2012
StatusOnbekend 00
Vorm & inhoud
ProductvormE-book ED
VormdetailE200 Reflowable
E101 EPUB
E101 EPUB
SamenstellingLos product
EPUB-versie3
Beveiliging e-bookDigitaal watermerk 02
Classificatie
NUR (hoofd)Literaire non-fictie algemeen 320
NUR (alle)320 Literaire non-fictie algemeen
Medewerkers
Auteur A01Sjoerd van der Schaaf
Herkomst
Werk-id (NSTC)500284381
MeldingUpdate 04
Laatste CB-bericht7855
Bijgewerkt7 oktober 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 500284381 · CB-relatie 9087293 · Laatste CB-bericht 7855 · Bijgewerkt 7 oktober 2026









