

Swart Gat
Swart Gat is it trijentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gidsen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen en Swart Gat wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2002.Op it skilderij dat de broer fan Bouke Blomhof krekt foar syn dea makket, komt in mysterieus swart gat foar. Is dêrmei ien fan de swarte gatten yn it universum ôfbylde of giet it djipper en hat it in religieuze lading? Dit diel fan In Fryske Odyssee tilt op fan de ierdske swarte gatten: pedofily, psychoaze, demintens, depresje en geweld. Mar oan de ein ‘skilderet’ de fjirtjinjierrige omkesizzer fan de boer oan de Fluezen it byld fan in ljochte iepening nei de takomst.
In het kort
ISBN-13
9789464620726
Uitgever
Verschenen
14 maart 2022
Bibliografisch
Uitgave
UitgeverAspekt B.V., Uitgeverij
CB-relatie-id7100811
Verschenen14 maart 2022
StatusLeverbaar 04
BeschikbaarheidBeschikbaar 20
Adviesprijs (incl. btw)€ 22,95
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Literaire fictie algemeen 300
NUR (alle)300 Literaire fictie algemeen
Medewerkers
Auteur A01Willem Tjerkstra
Herkomst
Werk-id (NSTC)501496728
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 501496728 · CB-relatie 7100811 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









