
Tomke seizoenen Tomke en de bijen; Tomke op fakânsje; Tomke nei de bosk; Tomke op it iis
Luuk Klazenga ill.
Meerdelige setFries
Fjouwer nije aventoeren fan Tomke!By de Afûk binne fjouwer moaie nije rigeboekjes fan Tomke ferskynd. Foar alle seizoenen hat Geartsje Douma in moai ferhaal op rym skreaun. Luuk Klazenga soarge foar de oansprekkende yllustraasjes.Yn ‘Tomke en de bijen’ is it maitiid. Tomke siket blomkes foar Kornelia. Mar o nee, hy sjocht in bij. Help! Romke wol de bij pakke, mar Kornelia hâldt him tsjin. Se nimt Tomke en Romke mei nei ymker Jan, en dêr sjogge se wat bijen allegear dogge.Yn ‘Tomke op fakânsje’ it it simmer. Tomke sil mei Romke en Kornelia op fakânsje. Se ride nei de camping. Dêr is fan alles te sjen en te dwaan. Mar it moaiste is fansels it sliepen yn in echte tinte…Yn ‘Tomke nei de bosk’ is it hjerst. Yana Yu komt mei in pear pompoenen by Tomke. Dêr kinne se it hús moai mei fersiere! Kornelia nimt harren mei nei de bosk om noch mear moais te sykjen. Bledsjes, ikels, kastanjes… Wat in moaie kleuren! Wat kinst dêr allegear mei dwaan?Yn ‘Tomke op it iis’ is it winter. Der leit iis op ’e fiver! Tomke wol graach reedride, mar hy wibelt wol in bytsje… Mei in stoel giet it better, en wa kin moai op ’e stoel sitte?De boekjes binne by de Afûkwinkel yn Ljouwert of op websjop.afuk.frl te keap foar mar € 6,50 it stik, óf meielkoar yn in stevige kassette foar € 25,-.
In het kort
ISBN-13
9789493159372
Verschenen
28 mei 2020
Serie
Tomke
Bibliografisch
ISBN-139789493159372
SerieTomke
Editie1
TaalFries fry
GeïllustreerdJa
Uitgave
CB-relatie-id7203064
Verschenen28 mei 2020
StatusOnbekend 00
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Zonder prijsPrijs volgt
Vorm & inhoud
ProductvormMeerdelige set SA
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Peuterboeken 271
NUR (alle)271 Peuterboeken
524 Fries
524 Fries
Medewerkers
Auteur A01Geartsje Douma
Illustrator A12Luuk Klazenga
Herkomst
Werk-id (NSTC)500601016
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Trefwoorden
Lijkt op dit boek
NSTC 500601016 · CB-relatie 7203064 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









