

Troch eigen lânskip in kar ut 45 jier poezij fan Daniel Daen en Willem Abma
Hardback464 pagina’sFries
Dizze brede blomlêzing út de fersen fan Willem Abma lit de ûntwikkeling sjen fan in dichterskip: fan de iere grimmitige fersen dy't er ûnder de namme Daniel Daen skreau, oant de skôgjende, mylde fersen út de bondel inerlik ferskinen. Der is yn dit oeuvre in grut ferskaat oan tema's, bylden en begripen te finen, mar tagelyk is der ek in grutte kontinuïteit. Sa't prof. dr. Philippus Breuker yn syn ynlieding fêststelt, binne benammen it tinken yn tsjinstellingen en it sykjen om in mystike ienheid fan libben en dea karakteristyk troch it hiele wurk hinne.Der riist in byld op fan in dichter dy't wurden fûn hat foar in eigen wrâld, in wrâld dy't tekene wurdt troch de hang nei de suverens fan it bern en it sykjen nei de mystike ienheid fan libben en dea. Beskavingen fan ieuwen, lektuer fan wrâlds dichters en ferkenningen fan it eigen inerlik leverje him de stof foar in rykdom oan bylden. Sjamaan of Orfeus, hy libbet yn syn bylden en nimt sa de werklikheid op yn in machtich skeppende ienheid. Tiid wurdt de paradoksale ferskiningsfoarn fan ivichheid. En yn it geweld fan eigen tinken en wrâlds skeppen siket er om in fêste grûn.
In het kort
Bibliografisch
ISBN-139789081852135
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s464
GeïllustreerdNee
Uitgave
Vorm & inhoud
ProductvormHardback BB
SamenstellingLos product
Medewerkers
Auteur A01Daniël Daen
Auteur A01Willem Abma
Herkomst
Werk-id (NSTC)500286125
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 500286125 · CB-relatie 7585395 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









