Trude
Paperback194 pagina’sFries
Dizze roman fertelt oer tsien jier út it libben fan
de prachtige blesfos Trude. It ferhaal einiget by de
befrijing. In oarlochsboek is dit boek fan Hoatse
de Jong net, mar it rekket de tastannen yn e
besettingsjierren wol. Want de minsken om Trude
hinne wurde ek beskreaun: de boer, in fûle nsb-er,
en syn dochter, fereale op de feint dyt neat fan de
Dútsers witte wol. Uteinlik wurdt de blesfos
foardere trocht de besetter. Hoatse de Jong
skriuwt yn geef folksaardich Frysk oer it boerewurk
en boerelibben.
De earste printing fan it boek ferskynde yn 1953.
Dizze fyfte printing is in werútjefte fan de fjirde út
1994 yn de rige Fryske Klassiken I, mei in
neiwurd fan Tineke Steenmeijer-Wielenga.
Wat de stof oanbelanget, is De Jong binnen de grinzen fan
syn kennis en ûnderfining bleaun. En hy beskriuwt dat stik
boere- en hynstelibben net allinne mei kennis fan saken, mar
ek mei leafde. Net djip of grut, noch yn fûle spanning, mar
dochs wol sa nijsgjirrich dat it de belangstelling oan de ein
ta geande hâldt.
E.B. Folkertsma yn De Tsjerne yn 1954
It opfallendste oan Trude is, tinkt my, it sykjen nei it arkadië,
de lânsdouwe dêrt alles yn harmonije is. De Jong giet mei
opsetsin de konflikten út e wei en lit yn Trude syn oanstriid
ta moaiskriuwerij sjen. Yn it tekenjen fan leaflike lânskippen
is De Jong in master.
Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant yn 1994

In het kort
ISBN-13
9789089542939
Uitgever
Verschenen
9 april 2011
Imprint
Bibliografisch
ISBN-139789089542939
TaalFries fry
Pagina’s194
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
ImprintTDE
CB-relatie-id9087293
Verschenen9 april 2011
StatusInactief 08
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Adviesprijs (incl. btw)€ 16,00
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Streek- en familieromans 344
NUR (alle)344 Streek- en familieromans
Medewerkers
Auteur A01Hoatse de Jong
Andere edities van dit werk NSTC 100024279
Herkomst
Werk-id (NSTC)100024279
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
NSTC 100024279 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026