Mijn boeken
Catalogus
Omslag van Tryater spilet

Tryater spilet

Hardback192 pagina’sMeertalig
Tryater bestiet 60 jier! Om dat te fieren jout de Afûk yn gearwurking mei Tryater in jubileumboek út wêryn’t de alsidigens fan it âldste selskip fan Fryslân fierd wurdt.As jo oan seis willekeurige minsken de fraach stelle soenen “Wat is Tryater?” sille jo net in iensidich antwurd krije, omdat Tryater in dynamysk selskip is dat yn 2025 al sechtich jier yn beweging is. Artistike lieders kamen en giene, krekt as akteurs en technisy. Budzjetten waarden grutter, budzjetten waarden lytser, en de grinzen fan wat teäter is en wêze kin, waarden hieltyd ferkend en oprutsen. Tryater spile earst yn feesttinten, doe yn doarpshuzen, en letter sels yn in fuotbalstadion of yn in dúnpanne op Skylge, sawol by sinne-opgong as sinne-ûndergong.Yn it jubileumboek oer 60 jier Tryater toane wy dizze feroaringen, oan de hân fan foto’s en oantinkens fan minsken dy’t (yn de ôfrûne 60 jier) in bân mei Tryater opboud hawwe (tink oan: publyk, (âld-)meiwurkers en pommeranten) en seis gruttere ferhalen wêryn’t oan de hân fan seis tema’s de feroaring fan Tryater yn de ôfrûne 60 jier beskreaun wurdt. Sa ynterviewde histoarikus Geart de Vries de ferskate artistyk lieders dy’t Tryater troch de jierren hinne hân hat, ferdjippe Volkskrant-sjoernalist Annette Embrechts har yn de fraach wat it foar in akteur betsjut om yn de Fryske taal te wurkjen (en hoe’t dat mooglik feroare is), en skreaune skriuwers en akteurs Romke Toering en Raymond Muller inoar brieven oer hoe’t Tryater der yn harren tiid útseach. Fierder ferdjippe skriuwster Kirsten van Santen har yn it lokaasjeteäter fan Tryater, beskreau resinsint Sietse de Vries de spilers en it repertoire en ûndersocht toanielauteur Maaike Bergstra de dialooch dy’t Tryater troch de jierren hinne oangien is mei oare teäterselskippen dy’t wurkje yn in minderheidstaal.Tryater spilet is it jubileumboek oer ien fan de âldste teäterselskippen fan it lân dat in unike posysje ynnimt yn it Nederlânske teäterlânskip: troch de Fryske taal, troch har oarsprong en troch har fermogen harsels hieltyd wer opnij út te finen.
In het kort
ISBN-13
9789493318649
Verschenen
5 september 2025
Trefwoorden

Lijkt op dit boek

NSTC 501634231 · CB-relatie 7203064 · Bijgewerkt 6 augustus 2026
Bestel bij bol →
← Terug naar resultaten

Tryater spilet

Wessel de Vries redacteur · Ekko de Bakker redacteur

Alles bekijken →