

DE FISKEWRÂLD FAN ALLE KANTEN It falt net ta om fisk te wêzen. Moatst foar en achter eagen ha, mar dy sitte oan ’e sydkant. Fiskeëagen bliuwe altyd iepen, ek asto wol sliepe wolst.En kin in fisk wol laitsje en gûle? Kinst nergens mei dyn triennen hinne want oeral is wetter. Meist fan gelok sprekke as it skjin is, al falsto dan wol hiel bot op. Rôvers lizze op ’e loer, behalve asto sels in rôver bist. Dan hapsto dalik ta. Soms happe minsken ta en wiestó de fisk. Lekker dan!Yn Viva la vis besjogge dichter Eppie Dam (1953-2026), yllustrator Yke Reeder en foarmjouwer Monique Vogelsang (oeps! oare bubbel) de fiskewrâld fan alle kanten. Mei humor en fertriet. Dat is hoe’t it mei fisken sit. En mei minskefolk yn alle lannen, mei grutte boppe-wetter-plannen. Neist de Fryske nammen wurdt yn dit boek ek dy yn frjemde talen brûkt. Gjin wunder: fisken kenne gjin grinzen en swimme oeral hinne. Yn groepen of allinne.Viva la Vis! is in printeboek mei mear as fyftich fiskgedichten, skreaun troch Eppie Dam (1953-2026) en mei yllustraasjes fan Yke Reeder.
In het kort
ISBN-13
9789493318823
Verschenen
15 juli 2026
NUR
Bibliografisch
ISBN-139789493318823
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s104
GeïllustreerdJa
Uitgave
CB-relatie-id7203064
Verschenen15 juli 2026
StatusOnbekend 00
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Zonder prijsPrijs volgt
Vorm & inhoud
ProductvormHardback BB
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Poëzie 306
NUR (alle)306 Poëzie
373 Gedichten (populair)
373 Gedichten (populair)
Trefwoordenfrysk · fries · gedichten · prentenboek
Medewerkers
Auteur A01Eppie Dam
Illustrator A12Yke Reeder
Herkomst
Werk-id (NSTC)501674331
MeldingUpdate 04
Laatste CB-bericht7794
Bijgewerkt7 augustus 2026
Trefwoorden
Lijkt op dit boek
NSTC 501674331 · CB-relatie 7203064 · Laatste CB-bericht 7794 · Bijgewerkt 7 augustus 2026









